Tal coronabesmettingen yn Fryslân nimt wer ôf, RIVM meldt 199 nije gefallen

19 apr 2021 - 15:24

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 199 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 61 minder as snein. Doe wienen it der 260. Gemiddeld binne der yn de ôfrûne wike 214 nije besmettings de dei bykaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 34 nije coronagefallen. Dêrnei folgje Ljouwert mei 27 en Eaststellingwerf mei 19.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden 2 nije sikehûsopname yn ús provinsje meld. It giet om ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.

Flylân is de iennichste gemeente yn Fryslân dy't al mear as in wike coronafrij is. De lêste besmetting dêr waard op 8 april fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne moandei 7.187 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)