Provinsje set útein mei oanlis fêstingwâl-keunstwurk Bastion by Dokkum

Provinsje Fryslân en gemeente Noardeast-Fryslân hawwe opdracht jûn foar it oanlizzen fan it Bastion. Dat is in keunstwurk dat ynspirearre is op it bolwurk fan Dokkum. It keunstwurk wurdt in útsichtpunt fan fiif meter heech oer it trasee fan de Súd Ie. It Bastion is de lêste fan de trije keunstwurken dy't by de Sintrale As oanlein wurde.
© Provinsje Fryslân
Ynkoarten moatte de earste kontoeren fan it bolwurk sichtber wêze. Fanwegen de draachkrêft fan de grûn is de bou opdield yn trije fazen. Ein 2021 of begjin 2022 moat it klear wêze.
It Bastion moat likegoed in rêstplak foar kuierders en fytsers wurde as in oantreklik oanlisplak by de farrûte Súd Ie. As de bou klear is komme der yn de omkriten beammen, beplanting en paden.