Q&A: Fiif fragen oer it Deltaplan fan de noardlike provinsjes

19 apr 2021 - 12:45

De provinsje Fryslân biedt oan om 45.000 ekstra huzen te bouwen yn ruil foar it oanlizzen en ferbetterjen fan treinspoaren yn it Noarden. Dat betsjut dat Fryslân der bygelyks in stêd sa grut as Ljouwert by kriget. De haadstêd fan Fryslân telt op dit stuit goed 48.000 wenten. Fiif fragen oer dit plan fan de noardlike provinsjes en Flevolân oan polityk ferslachjouwer Onno Falkena.

Foto: Omrop Fryslân

Yn desimber 2020 hat de Twadde Keamer nei in moasje fan it CDA frege om in mienskiplik plan fan de noardlike provinsjes. Dat leit der no, yn de foarm fan de brosjuere Bouwstenen voor het Deltaplan. Dit plan is oanbean oan de nije Twadde Keamer en de ynformateur fan it nije kabinet dat der komme moat.

Wat betsjut dit plan foar my?

"It plan rjochtet him op twa saken: wenningbou en spoarferbiningen. Yn Fryslân soene der 45.000 hûzen by komme moatte. Dizze maatregel is bedoeld as bydrage foar de oplossing fan de nasjonale wenningneed. De huzen binne dus ek foar minsken fan bûten Fryslân dy't hjir wol wenje wolle. De bou fan mear huzen moat ek de grutste spanning op de wenningmerk fuortnimme. De priis fan wenten is hurd omheech gien en foar starters is it bygelyks dreech om oan in hûs te kommen."

"Dêrnjonken giet it dus oer treinferbiningen. It Noarden wol dat de Lelyline der komt, de ferbining dy't fia Lelystêd, It Hearrenfean en Drachten nei Grins rint. Dat moat ek it probleem oplosse dat de iennige treinferbining tusken de Rânestêd en it Noarden oer Zwolle rint. It spoar tusken Meppel en Zwolle is in soarte fan flessehals: it spoar leit der dêr geregeld út, dan moat eltsenien mei de bus. Mar yn it plan moat ek de besteande spoarline nei de Rânestêd ferbettere wurde, der moat in Nedersaksenline komme tusken Enschede-Emmen-Grins en in IJmeerline tusken Almere en Amsterdam."

Foto: Omrop Fryslân

Hoe realistysk is dit plan?

"It is op dit stuit noch in papieren werklikheid, mar it is wol serieus bedoeld. It Noarden en Flevolân hiene al ynset op it bouwen fan 100.000 hûzen. Mei it nije plan soene dêr nochris 220.000 huzen ekstra by komme. De measte ekstra huzen soene yn Flevolân komme moatte: 80.000. Fierder 50.000 yn Grinslân, 45.000 yn Drinte en 45.000 yn Fryslân."

"Dat der ferlet is fan mear wenromte, is yntusken wol dúdlik. Lanlik is der al in tekoart fan 330.000 wenten. Dêrtroch lizze de hûzeprizen heech: yn it Noarden kostet in keaphûs yn trochsneed 262.000 euro."

Watfoar krityk is der op it plan?

"Net eltsenien is wiis mei de plannen. Guon politike partijen fine bygelyks dat Fryslân sunich wêze moat op romte, lânskip en natuer. Se binne benaud dat de provinsje te maklik 'folboud' wurdt. In oar lûd is dat de nije hûzen foaral te'n goede komme soene fan minsken dy't út de drokkere gebieten fan Nederlân ferhúzje wolle nei it Noarden. It Noarden soe net it 'ôffierputsje fan de Rânestêd' wurde moatte."

"In oar punt giet oer it draachflak. It Deltaplan komt by de fjouwer noardlike kolleezjes fan Deputearre Steaten wei, yn gearwurking mei de gemeentebestjoeren fan Ljouwert, Grins, Assen en Emmen. Mar dat gie wol bûten Provinsjale Steaten en de gemeenterieden om: dy hawwe noch nea oer dit plan praat."

Neffens FNP-Steatelid en fraksjefoarsitter Sijbe Knol is it in 'megalomaan' plan. Knol freget him ôf wêr't de demokratyske legitimiteit is foar ditsoarte 'grouwélige oanbiedingen oan it Ryk.' Hy is benaud dat Fryslân yn de útferkeap set wurdt en hy steurt him oan de kommunikaasje. Knol fynt dat ynwenners earst frege wurde moat nei de winsklikens.

FNP-Steatelid en fraksjefoarsitter Sijbe Knol leit syn krityk op it plan út

"In lêste kritykpunt is dat de provinsjes nochal wat freegje. It giet net allinne om de Lelyline, mar ek om de Nedersaksenline, IJmeerline en it ferbetterjen fan it hjoeddeiske spoar. Der wie earder al krityk dat der net echt in kar makke wurdt: wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW fûn dat de Lelyline plus it opknappen fan it spoar al in soad wie. It gefaar is dat de noardlike provinsjes oerfreegje."

Foto: Omrop Fryslân

Hoe moat dit plan betelle wurde?

"Yn totaal moatte de spoarplannen sa'n 9,5 miljard euro kostje. Dat is in grut bedrach: it is hast 90 kear safolle as dat de nijbou/renovaasje fan Thialf koste hat. It grutste part is nedich foar it oanlizzen fan de Lelyline: sa'n 6,5 miljard. Neffens de noardlike provinsjes is it measte jild pas ein jierren '20, begjin jierren '30 nedich. Njonken in bydrage fan it Ryk hoopje de provinsjes ek op in bydrage út it Nationaal Groeifonds foar ekonomyske groei en op in bydrage út Europa wei. Mar dy kâns is nei myn idee lyts, omdat it oer spoarlinen giet dy't allinne binnen Nederlân rinne."

Hoe giet it no fierder?

"Dit plan moast foar 1 maaie ynlevere wêze, dat is netsjes dien. No leit it plan wer op it buordsje fan it Ryk. In wichtich momint komt aanst op 19 maaie, as der in Keamerkommisje prate sil oer de ambysje foar it iepenbier ferfier oant 2040. De Lelyline stiet nammentlik noch net op de list as in needsaaklike spoarline. It duorret fansels noch jierren foardat sa'n spoarline der echt leit, dy tiid kin brûkt wurde foar it proses. Sa moat der in trasee keazen wurde en moat der in Maatskiplike Kosten Baten Analyse (MKBA) dien wurde. Dat foardat in nije spoarline der leit binne je wol samar tsien jier fierder."

Onno Falkena fertelt mear oer it Deltaplan

(Advertinsje)
(Advertinsje)