Noch in soad ûndúdlikens by middelbere skoallen oer selstesten

19 apr 2021 - 12:32

Middelbere skoallen krije fan moandei ôf selstesten levere, foar personielsleden dy't har teste litte wolle op it coronafirus. It kabinet wol de kommende wiken miljoenen sneltesten útdiele op skoallen. Mar by de skoallen is der noch in soad ûndúdlikens, sa docht bliken út in belrûntsje fan Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De selstesten kinne ynset wurde foar it previntyf teste fan dosinten. It ûnderwiis is de earste sektor dêr't selstesten grutskalich ynset wurde.

"Wy binne wiis mei de testen," seit Korina Hoekstra fan skoalkoepel Singelland. "Mar der is noch wol wat ûndúdlikens. De testen kinne allinne brûkt wurde as der gjin klachten binne. En minsken moatte harren fansels noch hieltyd oan de maatregels hâlde. Wy hawwe wol in protokol útwurke, mar it is wol in hiele organisaasje om dit by alle meiwurkers út te dielen."

Frijwillich

Boppedat bliuwt it op basis fan frijwilligens. "Je kinne net ien ferplichtsje om sa'n test te brûken. Dus oft it de boel echt feiliger makket, dat moat de praktyk noch sjen litte."

De twa skoalkoepels oer selstesten foar dosinten

Anne Leijenaar, foarsitter kolleezje fan bestjoer by de koepel Bogerman, kin him dêr wol yn fine. "Alle kleine beetjes helpen. Je kunt er misschien een deel van de besmettingen mee uit halen. Zo proberen we toch ons best te doen. Al wachten we allemaal op de prik."

Der in wei yn fine

By Bogerman hawwe se berjocht krigen dat de testen moandei komme, mar hoefolle der krekt komme, is net bekend. "We zijn er zeker blij mee en willen het inzetten om het personeel een zelftest te geven voor thuis. Wat er overblijft, kan afgehaald worden."

Ut de oerheid wei is der in webside mei ynformaasje oer snelteste yn it ûnderwiis. "Dus er is iets van begeleiding, maar over het algemeen krijgen we het gewoon door de deur geschoven. Het is onduidelijk wanneer de testen precies komen en hoe veel het er zijn. Wel is duidelijk dat het om de twee weken weer wordt aangevuld. We moeten er een weg in vinden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)