Nije brêge yn Baard is hast klear, mar wa wurdt de brêgewipper?

De brêge fan Baard is hast klear. Moandeitemoarn is de boppebou fan de stielen ophelbrêge pleatst. De kommende wiken wurdt alles fierder ôfwurke. De fraach is no allinnich wa't de brêge betsjinje sil. It doarp woe graach in brêge mei selsbetsjinning, mar troch allerhanne tûkelteammen koe dat net. De provinsje wol de betsjinning sintraal dwaan fanút it Swettehûs yn Ljouwert.
Nije brêge yn Baard
De âlde brêge yn Baard waard betsjinne troch de útbater fan kafee Baard. Hy hie dêroer oerienstimming mei de provinsje. Dat kontrakt rint lykwols takom jier ôf. De provinsje wol de betsjinning fan takom jier ôf op ôfstân dwaan, seit deputearre Avine Fokkens: "De Staten hebben uitgesproken dat Fryslân gastvrij moet zijn. Boten moeten kunnen doorvaren. Dat moet niet afhangen van een pauze. Bovendien willen we geen tol heffen, want dat past niet in een gastvrije provincie."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn it doarp wurdt der oars oer tocht, seit Jan Bijlsma fan de brêgekommisje. Hy giet der fanút dat de betsjinning yn hannen bliuwt fan it doarp. "Sa ha we dat ek ôfpraat. Wy wolle dat it leafst yn eigen hân hâlde. Dat is foar ús tige wichtich. Boppedat is it foar de kroecheigener in lytse byfertsjinste."

Noed oer kamera's

Boppedat hat de brêgekommisje noed oer de kamera's dy't pleatst wurde. Dat soe te'n koste gean fan de privacy, benammen fan minsken op it terras dat flak njonken de brêge leit. Neffens deputearre Fokkens falt dat ta: "De camera's geven een beeld van de vaarweg en de beide wegen in het dorp. Daar houden we rekening mee. Bovendien worden de beelden slechts kort bewaard."

Nije namme

Ek al binne provinsje en de brêgekommisje der noch net út oer hoe't de betsjinning der út sjen sil: se binne tige wiis mei de nije brêge. "De brêge hat deselde foarm as de âlde brêge. Dus histoarysk sjoen kloppet it. It doarp is sa aanst wer goed berikber." De namme fan de nije brêge is no ek bekend makke: Dekema Brêge.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma