Unike archeologyske skatten út Tachtichjierrige Oarloch fûn by Aldeholtpea

19 apr 2021 - 10:23

By it útgraven fan rivier De Lende by Aldeholtpea binne unike archeologyske fynsten dien. It gebiet blykt in wiere skatkeamer oan guod út de Tachtichjierrige Oarloch. Fan kûgels oant knyften; der komt fan alles boppe wetter.

Archeologyske skatten

By Aldeholtpea wurdt op dit stuit drok wurke oan in bocht yn rivier De Lende. Dizze bocht makke yn it ferline ûnderdiel út fan de rivier. By de kanalisaasje fan de rivier 100 jier lyn waard de bocht fuorthelle. Om De Lende mear romte te jaan, wurdt de bocht no op 'e nij útgroeven. By dizze wurksumheden komme ûndersikers fan ûndersyksburo MUG de meast bysûndere fynsten tsjin.

Ferskate fijannen

De fynsten fertelle in soad oer de skiednis fan it gebiet. Sa waard der yn it ferline op dit plak fanatyk fochten tsjin ferskate fijannen. Mar der wurde ek oare saken fûn, lykas in kraaltsje fan barnstien, dat mooglik út de Midsiuwen komt. In grut part fan de bocht moat noch útgroeven wurde, "dus dat belooft nog wat", seit archeolooch Andre Pleszynski fan ûndersyksburo MUG.

Archeolooch Andre Pleszynski is mei trije kollega's drok dwaande mei de opgravings. "We vinden heel veel scheepsinventaris. Heel veel turf ook, houten voorwerpen, vaatwerk, pispotten, papkommen, vuurvangers. En we vinden af en toe ook leren schoenen. We hebben ook twee leren beurzen gevonden, waar vroeger de muntjes in zaten."

Munten en munysje

Moandei waarden sân munten en in gesp fûn. "We vonden zes duitjes en een oord. Er zat ook een gespje bij. Het zakje is vergaan, maar de munten en de gesp zijn heel mooi bewaard gebleven. Ze zijn omstreeks 1730 gedateerd. Toen sloegen alle provinciën en steden hun eigen munten nog."

Njonken munten komt der ek in soad munysje boppe wetter. "Hier kan een klein legerkamp zijn geweest, dat bemand was. Wapens die oud waren, werden dan in De Lende gegooid. Hier in de bocht stroomde het water langzamer, waardoor het zich hier heeft verzameld."

Foto: Lourens Looijenga

Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by de opgravings

Wat wie de Tachtichjierrige Oarloch?

De Tachtichjierrige Oarloch begûn yn 1568 en duorre oant 1648. Yn dizze oarloch focht Nederlân ûnder lieding fan Willem van Oranje tsjin it Spaanske leger. Yn 1648 waard de Frede fan Münster tekene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)