Set de maxicosi mar by de doar fan de BSO: "We lijken wel een pakketdienst"

19 apr 2021 - 08:38

De basisskoallen wiene al wer iepen, lykas de berne-opfang, mar fan moandei ôf meie bern ek wer nei de bûtenskoalske opfang. Op BSO De Petteflet yn Snits binne se wiis mei de bern dy't wer komme. Mar it freget wol om strange regels om foar te kommen dat coronabubbels op skoalle útinoar knappe op de BSO. "Het is even puzzelen."

BSO De Petteflet yn Snits is wer iepen:

Manager Marianne Westenbroek fan BSO De Petteflet is wiis dat de doarren wer iepen meie. "Het is een prachtige dag, we zijn blij dat we weer open zijn en dat we de kinderen allemaal weer kunnen zien. We zijn de afgelopen maanden wel open gebleven voor de noodopvang, maar nu zijn we weer compleet." Dochs is it noch wol in puzzel om alles yn goede banen te lieden. "We letten er goed op dat kinderen uit verschillende schoolgroepen niet door elkaar halen, zodat de coronbubbels intact blijven. We werken ook hier in cohorten."

Bubbels hâlde

Tagelyk wurdt der ek sjoen nei it saneamde 'pedagogisch oogpunt', leit Westenbroek út. "Als er één kind uit een groep naar de BSO komt, dan zetten we die niet alleen in een lokaal. In je eentje is natuurlijk niet gezellig."

Dochs is de BSO yn oare saken wol strang. "Ouders mogen niet naar binnen. Daar zijn we heel streng in. Het is soms net een pakketdienst, wanneer er een baby'tje in een maxicosi wordt afgeleverd bij de deur. Maar kinderen blijken hierin heel flexibel te zijn, flexibeler dan wij denken."

Marianne Westenbroek fan de BSO yn Snits

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Om ek de eigen meiwurkers sa goed mooglik te beskermjen, kinne de kollega's in sneltest dwaan. Westenbroek: "Onze medewerkers kunnen een voorrangstest doen, zodat ze zo snel mogelijk weer op de werkvloer staan. Ook denken we na over het gebruik van zelftesten, zodat we medewerkers zo veel mogelijk zekerheid geven. We doen er alles aan om de opvang door te laten gaan."

Fjouwer bellen

By de doar sit in fjouwertal doarbellen, dêr't heiten en memmen oanbelje kinne, sadat de juste meiwurker by de doar komt om de bern op te heljen. Dêrmei wurdt foarkaam dat âlden sels it gebou ynrinne.

Wat fine de bern der sels fan?

Trefwurden: 
berne-opfang bso coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)