Kollum: "AIXAM oan"

19 apr 2021 - 08:26

"Freed ried ik achter in 45-kilometer autoke. Sa'n brommobyl, dy't op 80-kilometer diken ride mei, mar net hurder giet as 40. Frustrearre seach ik nei it nûmerboerd dêr't AIXAM op stie. LANXAM silst bedoele, rôp myn holle wylst ik gysten koekeloerde oft ik ek om it ûnding hinne koe. Want 45 kilometer yn 'e oere giet my fierstente stadich.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Der kaam lykwols mar gjin ein oan de tsjinlizzers fan de oare kant. En nei't ik in kilometer as wat achter AIXAM oan sukkele wie, befoel my dat eins poerbêst. Dizze ferplichte slow down-minuten wiene net sa ferkeard. Ik moast efkes ferplichte weromskeakelje nei de fjirde en sels de tredde fersnelling en dat fielde suver as in ferromming. Ik koe einliks efkes om my hinne sjen, genietsje fan de dingen ûnderweis en freonlik de hân opstekke nei 70-plussers dy't ús op harren e-bike ynhellen op it fytspaad.

It ritsje achter de brommobyl is eksimplarysk foar hoe't ik ek troch it libben skeur. Altyd yn de fiifde fersnelling en gjin momint de tiid om ris om my hinne te sjen. En ik bin net de iennige. Wy skeure ommers allegearre yn fersnelling fiif troch it libben. It iennige dêr't wy ûnderweis op lette is de tiid en de navigaasje. Binne wy wol op tiid? Past alles yn it skema? Is der ûnderweis file? En wichtiger noch: steane se ek te flitsen? Wy komme op ús bestimming oan sûnder ek mar te witten wêr't wy delriden binne. Wy ha mar ien doel foar eagen: trochjakkerje.

Dy ivige hastichheid brekt my hieltyd mear op. Konstant ha 'k de telefoan yn 'e bûse, want ik bin deabenaud dat ik wat mis. Hast alle opdrachten dy't by my binnenkomme fia de mail, binne 'bloedspoed'. Ik krij mailtsjes mei as ûnderwerp 'Help!' Myn automatyske Pavlov-reaksje is dat myn hert fuortendaliks begjint te pompen. Fan it Help-mailtsje gean myn alaarmbellen ôf. 'No efkes net', ropt myn lichem, mar myn holle seit: 'Net oanstelle, trochsette!'

Ik wurd der deawurch fan. Dat fernim ik foaral as ik oan de ein fan de dei op 'e bank plof. Ek al ha 'k dy dei gjin stap setten, it fielt as ha 'k de maraton rûn. Ik dooch net, tink ik dan. Want hoe kin ik no wurch wêze fan stilsitten? 'Logysk', fynt heechlearaar Erik Scherder. 'Bist wurch omdatst just gjin stap setten hast. Hiest dat wol dien, dan hiest net wurch west.'

Ik mocht him ynterviewe foar De Westereender. It liket de omkearde wrâld: wurch wurde fan sitte. Mar neat is minder wier. Wy sitte fierstente folle en te faak, fertelde Erik my. Wy sitte op kantoar, yn de auto en jûns ploffe we op de bank del. Al dat sitten is funest foar ús ymmúnsysteem. Fan de hiele dei sitte wurdst net allinnich wurch mar ek siik. It is neffens Erik in probleem dat yn de hiele wrâld spilet. In pandemy dêr't nimmen lykwols mei liket te sitten.

Ik sit der yntusken al mei. Ik fernim dat al dat sitten en konstant yn de fiifde fersnelling fleane net in fleuriger minske fan my meitsje. It rint my sa stadichoan hieltyd faker oer de skuon. Tiid dus om werom te skeakeljen. Al dan net frijwillich. Krekt lykas doe't ik freed achter dat 45-kilometer weintsje ried. Presys dat wol ik faker dwaan. Alle dagen krekt wat AIXAMER oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)