Frou bedarret mei auto yn 'e sleat by Boelensloane

In frou is sneintejûn mei har auto yn 'e sleat bedarre oan de Michielsreed yn Boelensloane. De bestjoerster kaam mei de skrik frij en koe op eigen krêft út de auto klimme. De plysje hat in alkohol- en drugstest by har ôfnaam. Dêr die út bliken dat de frou ûnder ynfloed wie.
In drankrider © Shutterstock.com
De frou is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. In berger hat de auto út de sleat helle.