Noard-Nederlân wol 9,5 miljard fan it Ryk foar nije spoarlinen

19 apr 2021 - 06:24

De trije noardlike provinsjes en Flevolân wolle dat it nije kabinet 9,5 miljard euro ynvestearret yn de oanlis fan trije nije of oanpaste spoarlinen. Ek wolle se 220.000 hûzen bouwe.

Noarden wol miljarden foar spoarlinen

De plannen foar de spoarlinen betreffe de Lelyline, de Nedersaksen-lijn en it ferbetterjen fan de hjoeddeistige treinferbining tusken Grins, Ljouwert en de Rânestêd oer Zwolle. Alle plannen stean yn it rapport 'Bouwstenen voor het Deltaplan'. Dat rapport wurdt nei de Twadde Keamer en de ynformateur fan it nije kabinet stjoerd. Den Haag moat him noch bûge oer alle plannen en foarstellen.

It rapport is de reaksje op de moasje fan Twadde Keamerlid Musatafa Amhaouch (CDA) oer wat der foar nedich wêze soe om it Noarden wer groeie en bloeie te litten. Neffens deputearre Avine Fokkens is it antwurd op dy fraach eins wol hiel dúdlik: "Wij willen een bijdrage leveren als het gaat om de landelijke roep om meer woningen, maar dat kan niet zonder een sterk verbeterde infrastructuur."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It grutste part fan de ynvestearring dy't hjirfoar nedich is giet nei de Lelyline. Dizze nije spoarline fan 125 kilometer nij spoar rint fan Grins nei Lelystêd oer Drachten en It Hearrenfean. De kosten fan it projekt wurde rûsd op sa'n 6,5 miljard euro. "Die Lelylijn is voor ons een heel belangrijk onderdeel van het plan en wij zijn er ook van overtuigd dat het nu kan", sa seit Fokkens. "Eigenlijk alle politieke partijen in de Tweede Kamer hadden de lijn opgenomen in hun verkiezingsprogramma, dus dat ziet er goed uit."

Fokus fierder

Mar ek de besteande spoarline nei de Rânestêd soe ferbettere wurde moatte foar 2 miljard. Ek soe der in spoarline komme moatte tusken Grins oer Stadskanaal en Emmen nei Enschede om de ferbining tusken it Noarden en it Easten fan Nederlân te ferbetterjen en ek om Emmen better te ûntsluten. "En uiteindelijk willen we ook dat de Lelylijn in de toekomst doorgetrokken wordt naar Hamburg en Scandinavië."

In oersjoch fan de trije nije spoarlinen - Foto: Rapport “bouwstenen voor het Deltaplan”

Noard-Nederlân soe mei dy bettere ferbinings ek mear ynwenners lûke kinne. Sa soene der yn Fryslân neffens it plan 45.000 nije wenten boud wurde kinne. "Dat betekent bijna honderdduizend extra inwoners", sa rekkenet Fokkens út. De gemeentes Smellingerlân, Hearrenfean en Ljouwert hawwe de provinsje de ôfrûne tiid al wite litten dat se elts wol kâns sjogge om 10.000 wenten foar har rekken te nimmen.

Wjerstân op hûzeplan

Dat lêste ropt ek wol wat wjerstân op. Yn in earder stadium sei ûnder oaren de FNP al dat se net sitte te wachtsjen op al dy ekstra minsken fan bûten Fryslân. De partij hat der ek muoite mei dat de provinsjes sa'n fiergeand foarstel nei de Twadde Keamer stjoert sûnder dat der earst oer praat is yn gemeenterieden en provinsjale steaten. Fokkens begrypt dy gefoelens, mar seit ek dat it eins net oars kin. "Met de vergrijzing van nu hebben we echte nieuwe mensen nodig in Noord-Nederland."

Wêr't de hûzen krekt komme moatte is noch net bekend, mar Fokkens wol dêroer yn petear mei gemeenten, mar ek mei ûnder oaren natuerorganisaasjes. Mar earst is it wachtsjen dus op de reaksje út Den Haag. Fokkens is lykwols optimistysk. "Over tien jaar komt de eerste trein via de Lelylijn naar Fryslân."

Deputearre Avine Fokkens

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferfier yn 2040

Yn de Twadde Keamer wurdt heal maaie praat oer hoe't it Iepenbier Ferfier yn Nederlân der yn it jier 2040 útsjen moat. Yn dat rapport stiet de Lelyline op in listje fan mooglike nije spoarlinen, mar noch net yn it oersjoch fan nije spoarlinen dy't perfoarst nedich binne. It debat oer it OV-2040 wurdt dêrmei in moaie test om te sjen oer wat alle moaie wurden foar de Lelyline yn in soad ferkiezingsprogramma's yn de Haachske polityk wurdich binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)