Hoareka foarsichtich posityf oer útkomst Catshuispetear

18 apr 2021 - 20:49

De hoareka is foarsichtich posityf oer de earste lûden dy't nei bûten komme nei it Catshuispetear. Sneintemiddei waard bekend dat it kabinet positiver stiet tsjinoer eventuele ferrommingen op 28 april.

Terrassegebiet yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Der liket no in gruttere kâns dat de terrassen fan 28 april ôf wer iepen meie. De kommende dagen binne der noch ferskate petearen, mei ûnder oare de boargemasters fan Nederlân.

Foar de hoareka soe dit in grutte opluchting wêze, ek al bliuwt foarsitter Corné van de Erve fan it Hoarekabûn yn Fryslân foarsichtich: "Het is fijn, nu kunnen we weer een stapje verder. Maar het is zeker niet zaligmakend, want we zullen sowieso een zonnedans moeten doen voor het mooie weer." Dêrnjonken falle der ek in soad saken bûten de boat, om't sy gjin terras hawwe, of om't har terras net al te grut is.

Dêrneist hat Van de Erve in soad noed oer de belestingskulden dy't de bedriuwen oprûn hawwe yn it ôfrûne jier. "Je moet je voorstellen er zijn bedrijven die al meer dan een jaar gesloten zijn, maar alle vaste lasten moeten wel betaald worden, tegen minimale compensatie."

It kabinet wol de kommende dagen de ûntwikkelingen en de sifers nochris oansjen, sa sizze de boarnen tsjin ûnder oare it ANP. Tiisdei is der opnij in parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en soarchminister Hugo de Jonge.

Harkje nei in petear mei Corne van de Erve

(Advertinsje)
(Advertinsje)