Jonges smite mei molotovcocktail yn bosk Oranjewâld

Twa jonges op in skooter hawwe sneintemiddei besocht in stik bosk by Oranjewâld yn de brân te stekken. Se brûkten dêrby in molotovcocktail.
© Dennis Stoelwinder/GrootHeerenveen
De jonges smieten de flesse mei brânber guod de natuer yn, wêrnei't se sels hurd útnaaiden op de skooter. In tsjûge warskôge de plysje en brânwacht.
It fjoer yn de wynflesse koe him net fierder ferspriede. Allinnich in doek yn de hals fan de flesse is ferbrând. De plysje docht spoareûndersyk nei it ynsidint. Se freegje tsjûgen har te melden.