Kabinet positiver oer ferrommingen

It demisjonêre kabinet is wat positiver oer it trochgean fan de ferrommingen fan de coronamaatregels op 28 april, as dat de ôfrûne dagen it gefal wie. Mar oft de terrassen ek echt iepen kinne is noch net dúdlik, sizze boarnen by it Catshuispetear.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De kommende dagen binne der noch ferskate petearen, mei ûnder oare de boargemasters fan Nederlân. It kabinet wol de kommende dagen de ûntwikkelingen en de sifers nochris oansjen, sa sizze de boarnen tsjin ûnder oare it ANP.
Tiisdei is der opnij in parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en soarchminister Hugo de Jonge.