RIVM notearret 260 nije coronabesmettingen yn Fryslân

18 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 260 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 24 mear as sneon. Doe wienen it der 236. Gemiddeld binne der yn de ôfrûne wike 216 nije besmettings de dei bykaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, mei 39 nije coronagefallen. Dêrnei folget De Fryske Marren mei 32, en Súdwest-Fryslân mei 31.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden ek twa nije sikehûsopname yn ús provinsje meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne snein 8600 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)