Skuldhelpferliening Eaststellingwerf mear by de tiid bringe

18 apr 2021 - 10:55

De gemeente Eaststellingwerf moat de manier om minsken út de skulden te helpen by de tiid bringe. Dat seit de rekkenkeamerkommisje fan Eaststellingwerf. Dy hat op fersyk fan riedsleden ûndersyk dien nei de skuldhelpferliening.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

De konklúzje is dat it belied al acht jier âld is en ta is oan in update. Neffens de kommisje is de skuldhelpferliening hiel fleksibel, minsken kinne har ek maklik oanmelde. Dêrtroch is it tal minsken dat help siket de lêste jierren bot omheech gien, fan goed sechstich nei mear as twahûndert yn in pear jier tiid.

Minsken dy't yn in lang trajekt sitte fine dat de behanneling fan har problemen traach giet, docht bliken út it ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)