Slachtoffers taslagge-affêre: "It giet net allinnich om dy pûde jild"

"Met een zak geld alleen ben je niet geholpen", dat seit Lia Noort fan Wolvegea. Sy is ien fan de dupearden fan de saneamde bernetaslagge-affêre dy't it lêste jier sa'n soad stof opwaaien die. Nei it ferneatigjende rapport Ongekend Onrecht is lang om let it proses fan kompensaasje en it bieden fan nij perspektyf op gong kaam.
Anoeska de Vries (l) en Lia Noort © Omrop Fryslân, René Koster
Neffens Lia Noort is it jild fansels belangryk, mar moat der ek stipe komme sadat dupearden in nije takomst opbouwe kinne. "Wij zien daarbij een belangrijke begeleidende taak voor gemeenten, bijvoorbeeld bij het goed leren omgaan met geld en het vinden van een baan. Anders is dat geld straks op en loop je het risico dat men daarna toch weer in problemen komt."

'Ervaringsdeskundigen'

Lia Noort wurket mei Anoeska de Vries fan Garyp en oare dupearden gear yn de 'Lotgenotengroep KOTA' (KinderOpvangToeslagAffaire). Dizze groep hat ûnderling in soad kontakt en se jouwe inoar ek advys. Dit soene se no ek graach profesjonalisearje wolle. "In soad gemeenten witte net goed wat se dermei oan moatte en wy biede ús graach oan om dêrby te helpen as 'ervaringsdeskundigen'. Foar in brêgefunksje tusken oerheid en dupearden soene wy prima ynhierd wurde kinne."
"It is dochs wat oars as in anonime amtner dat kontakt ûnderhâlde moat, of ien dy't it sels meimakke hat. Foar ditsoarte wurk biede har no trouwens ek grutte lanlike partijen oan, it wurdt suver wat in konkurrinsjestriid", fertelt Anoeska de Vries. "Mar dêr wolle wy eins net yn mei sûge wurde."

Ek oare misstannen

Foar 1 maaie moatte de dupearden de taseine 30.000 euro krije en it sjocht dernei út dat soks yn de measte gefallen ek slagget. Mar, sa litte Lia en Anoeska witte, "It giet net allinnich om dy pûde jild. Der binne njonken de berneopfangtaslach ek in soad dupearden troch misstannen by de hier- en soarchtaslach. It ferhaal is dus noch lang net út."
De reportaazje fan Buro de Vries
Anoeska en Lia dogge harren ferhaal foar ús radioprogramma Buro de Vries, dat yn dizze affêre de finger oan 'e pols hâldt.
Mear ynformaasje oer de organisaasje fan beide froulju is te finen op www.lotgenotenkota.nl