Plysje pakt Ljouwerter op foar mishanneling

18 apr 2021 - 10:20

De plysje fan Ljouwert hat sneontenacht in jonge fan 18 út Ljouwert oppakt, fanwegen mishanneling. Hy hie op de Papaverstrjitte in smoargenskontener by in hûs troch it rút smiten. Dêrnei gong er deryn en mishannele er twa minsken yn dat hûs.

Foto: Omrop Fryslân

Neidat de jonge it hûs útwurke wie, fernielde er noch in auto. De plysje hat him letter yn de nacht oppakt. Der binne meardere oanjeftes tsjin him dien.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)