Nij libben by see-earnen by Koudum en ek yn de Alde Feanen

In pykje is yn it nêst fan de see-earnen yn it Koudumer Boskje sjoen. Op kamerabylden is te sjen dat mem see-earn drok oan it fuorjen is. De fûgels hawwe dêr foar it fjirde jier op rige in nêst makke. En ek by de see-earnen yn de Alde Feanen is in pykje op de webcam sinjalearre.

Alde Feanen

"EEN KUIKEN!" jubelet It Fryske Gea op Twitter. It liket derop dat op syn minst ien pykje út it aai kaam is by de see-earnen yn de Alde Feanen.