KNMI warskôget foar swiere mist yn it noarden

18 apr 2021 - 07:11

Yn it noarden en midden fan Nederlân komt sneintemoarn pleatslik swiere mist foar. Op guon plakken is it sicht minder as 200 meter.

Foto: Albert Thibaudier

It KNMI warskôget mei koade giel yn de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân, Utrecht, Flevolân, Noard-Hollân en Súd-Hollân.

Troch min sicht kin it gefaarlik wêze op de dyk. Yn de rin fan de moarn ferdwynt de mist wer.

Trefwurden: 
waar KNMI mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)