Man mei stroomwapen bewurke

21 jul 2012 - 14:03

De plysje hat freed in Drachtster (50) oanholden foar mishanneling. De man soe fanwege in saaklik skeel in plakgenoat (56) yn syn wenning mei de dea bedrige ha. Ek soe er him mei in stroomstjitwapen bewurke ha.

It slachtoffer koe ûntkomme en belle de plysje. Dy koe de fertochte oppakke. De Drachtster sit foar fierder ûndersyk fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)