Cambuur no ek offisjeel promovearre nei ferlies Almere City

18 apr 2021 - 15:51

Sportklup Cambuur is dan no ek offisjeel promovearre nei de Eredivisie. De lêste konkurrint fan de Ljouwerters, Almere City, ferlear sneontejûn mei 3-0 fan Go Ahead Eagles.

Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerters fierden freed al in feestje, om't Almere City sa'n grut doelpunteferskil goedmeitsje moast, dat it eins al net mear realistysk wie dat se dat foarinoar krije soene. Dochs wie it freed noch net écht offisjeel. Dat is it nei it ferlies fan de Almeerders wol.

Cambuur hat noch fjouwer wedstriden te spyljen en stiet op dit stuit boppeoan yn de Eerste Divisie, mei in puntetotaal fan 82. En in doelpuntesaldo fan 69.

Stân Eerste Divisie

Klup Punten Doelpuntesaldo
1. SC Cambuur 82 69
2. De Graafschap 70 18
3. NAC 67 32
4. Almere City 67 26
(Advertinsje)
(Advertinsje)