Aris ferslacht Almere Sailors yn kelderkreaker

17 apr 2021 - 21:39

Aris Ljouwert hat sneontejûn de kelderkreaker tsjin de Almere Sailors wûn mei 76-86. De ploegen, foar de wedstriid dield lêste yn de Elite B, spylje nearne mear om en kinne allinnich noch foarkomme dat se lêste wurde.

Foto: Aris Ljouwert

De lêste wedstriid dy't de Ljouwerters wûnen, wie ek tsjin Almere. Nei ferliezen tsjin Weert, Yoast, Apollo en Den Haag, wiene de Ljouwerters wol wer ris oan in oerwinning ta. Yn it earste kwart makken se dêr in in goed begjin oan, want it waard 17-23. Yn it twadde kwart waard de foarsprong útwreide nei 34-45.

Nei it skoft rûn Almere wol efkes werom nei 55-60 oan it ein fan it tredde kwart, mar makke yn it lêste kwart dien wurk: 76-86.

Foar de Elite B makket de útslach neat mear út. Aris is al útskeakele foar de play-offs en kin allinnich noch hoopje op it ien-nei-lêste plak. Dêr hat Aris goeie saken foar dien, it stiet no twa punten foar en hat in better saldo.

Tongersdei wurdt spile tsjin The Hague Royals, dat is de lêste wedstriid fan de Elite B. Dêrnei is it seizoen noch net oer, oar wykein begjint de bekerkompetysje noch.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)