Fideodeiboek oer medisyn foar corona: "Dit is het wonderspul"

17 apr 2021 - 19:45

Longdokter Wouter van Geffen fan it Ljouwerter sikehûs MCL lit yn syn nije vlog sjen hoe't it medisyn dy't se foar coronapasjinten brûke klearmakke wurdt yn it sikehûs. It medisyn wurdt oarspronklik brûkt foar minsken mei reuma, mar hy sjocht dat it ek helpt mei slim sike coronapasjinten.

Fideodeiboek fan Wouter van Geffen

Coronapasjinten kinne dit medisyn allinnich krije as se soerstoftekoart en bepaalde ûntstekkingswearden yn it bloed hawwe. Dit binne de earnstige gefallen. De pasjint krijt it medisyn ien kear en Van Geffen sjocht dan ek dat dit helpt.

Alles wurdt kontrolearre

It apotekersteam dat dit medisyn makket bestiet út njoggen minsken. Om de kwaliteit fan it medisyn te kontrolearjen wurdt fan hannelingen dy't se dogge in foto makke troch in kompjûter. Dy wurdt opslein, mocht der dan wat wêze mei in medisyn, is alles werom te finen.

Op dit stuit wurdt it medisyn allinnich brûkt foar slim sike coronapasjinten, mar der wurdt no ûndersyk dien nei hoe't it medisyn wurket foar minsken dy't minder siik binne.

Mear vlogs fan Wouter van Geffen en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia omropfryslan.nl/vlog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)