Brânwacht meardere kearen yn aksje foar lytse brantsjes Ternaard

De brânwacht fan Ternaard moast sneontemiddei meardere kearen yn aksje komme foar lytse natuerbrantsjes.
© SR Fotografie
Under oare oan de Ternaarderwei yn Wierum wie in lytse natuerbrân. Om healwei trijen hinne krige de brânwacht in melding fan fjoer yn reid. Op it plak fan de brân waard ûntdutsen dat it fjoer op meardere lokaasjes brânde.
Op de weromreis nei de kazerne krige de brânwacht nochris in melding fan in bûtenbrân. Dizze wie yn de boskjes fan fuotbalferiening Ternaard. De plysje docht ûndersyk nei meardere brannen dy't yn de ôfrûne wiken oan de Ternaarderwei ûntdutsen binne.