Earste wike fan faksinearjen, húsdokters ferdield: "Toch wel teleurstellende uitkomst"

17 apr 2021 - 17:50

Húsdokters yn Fryslân hawwe de earste wike fan prikken mei AstraZeneca derop sitten. Ferline wike sneon setten de earste dokters útein mei it ynintsjen fan minsken tusken de 60 en de 65 jier. De opkomsten ferskilden bot. It nijs oer it AstraZenecafaksin spile dêr in grutte rol yn. Lang net elkenien fertrout dat faksin mear, fanwegen berjochten oer mooglik slimme bywurkingen. Húsdokters binne dan ek ferdield oer it sukses fan de earste wike.

Earste wike prike

"Ja het was een enerverende week", seit húsdokter Karin Groeneveld fan De Lemmer wylst se nei in tafel rint yn har praktyk. Oan dy tafel prikt in meiwurker in spuit yn in fleske AstraZeneca. "Ik ben trots op onze medewerkers, want die werken toch maar weer op hun vrije zaterdag." Groeneveld is foarsitter fan de Fryske Húsdoktersferiening.

It hat foar de húsdokters in drokke wike west. "De opkomst bij ons was rond de 88 procent. Daar ben ik heel blij mee. De reacties van de mensen waren heel mooi, maar twee dingen blijven me écht bij. Het allerleukste was een patiënt die huppelend binnen komt. Die had er echt zin in." Mar dat wie net foar eltsenien sa. "Mensen vonden het best wel spannend en hebben lang getwijfeld, maar toch besloten om het te doen."

Groeneveld helpt har meiwurker efkes mei it útpakken fan in pear spuiten. "Ik ben heel blij dat we toch nu het eind van de tunnel zien. Maar, ik word pas echt blij als we wat meer vrijheden krijgen. Maar elke stap is er één."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Karin Groeneveld

Net elkenien bliid

Mar net alle húsdokters binne te sprekken oer de wike. Húsdokter Jacob Bruins fan Appelskea hie faksinaasjes oer troch it nijs oer AstraZeneca. Hy mocht dêrom minsken tusken de 65 en 70 útnûgje om it guod dochs op te meitsjen, al pakte dat net posityf út. "Ik heb die mensen uitgenodigd en uitgelegd wat we gebruiken. We bieden dat aan en dat kan je vrijdag of zaterdag ophalen. Daar is heel goed op gereageerd, mensen wilden graag. Ik heb dat woensdag gedaan, maar donderdag krijg ik bericht dat de GGD iedereen met geboortejaar 1952 op gaat roepen. Dat is precies de groep die ik nou net uitgenodigd heb. Dus de helft van de mensen hebben weer afgezegd."

By de húsdokters wurdt mei AstraZeneca prikt, mar by de GGD net. Troch de minne reklame foar AstraZeneca, meitsje minsken earder de kar foar Pfizer. Bruins is net posityf oer de earste wike. "Heel hectisch, heel druk, heel veel regelwerk en toch wel teleurstellende uitkomst."

Jacob Bruins oer syn earste prikwike

(Advertinsje)
(Advertinsje)