Judoka Sanne Vermeer pakt brûns op Europeesk kampioenskip

Sanne Vermeer hat sneon brûns pakt op it Europeesk kampioenskip judo yn Portugal. De Stienzer judoka fersloech yn de striid om brûns Laura Fazliu út Kosovo. It is de twadde brûnzen medalje op in EK foar Vermeer, ek yn 2019 helle se it tredde plak.
© ANP
Nei winst op de Dútske Nadja Bazynski, fersloech se yn de kwartfinale de Spaanske Crisitina Cabana Perez mei ippon. Yn de heale finale moast se it opnimme tsjin Tina Trstenjak út Slovenië.
De twa holden it spannend, mar de Sloveenske wie op ippon te sterk. Yn de striid om it brûns trof se Laura Fazliu fan Kosovo, dy't Vermeer mei ippon ferslaan koe.

Gjin EK foar Tsjakadoea en Ausma

Natascha Ausma fan Lippenhuzen kwalifisearre har ditkear net foar de Europeeske titelstriid. Ferline jier wie se der wol by, mar waard se al gau útskeakele. De yn Ljouwert berne Tornike Tsjakadoea pleatste him wol mar moast troch in coronabesmetting ôfsizze.