RIVM: 236 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 236 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 58 mear as freed. Doe wienen it der 178.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân 37, dêrnei folgje de Fryske Marren en Ljouwert mei elk 32.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dizze persoan wenne yn Súdwest-Fryslân. Der waarden gjin nije sikehûsopname yn ús provinsje meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne sneon 8336 nije coronagefallen registrearre. Gemiddeld wiene dat de ôfrûne wike 7548 deis.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.