UPDATE: Brêge Skûlenboarch docht it wer

17 apr 2021 - 16:27

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch docht it wer. In brêgewachter draaide de brêge oan de ein fan de moarn te gau ticht, en dêrtroch waard in skip rekke. Rykswettersteat hat dêrnei de brêge iepen set.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

It ferkear moast inkele oeren omride fia Koatstertille en Droegeham. Om healwei fiven hinne wie de brêge wer operasjoneel.

Burgum

De Burgumer brêge is sneontemiddei nei healwei twaen yn steuring rekke. De slachbomen wolle net mear omheech; in pear fytsers dûkten derûnder troch. De plysje hat de dyk ôfset. In monteur is ûnderweis om de steuring op te lossen.

Foto: Noordernieuws/ De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)