Drachtster jongeren meitsje foarstelling oer Twadde Wrâldoarloch

Op de jûn fan de lanlike Deadebetinking, op 4 maaie, binne op tal fan plakken yn Nederlân teäterfoarstellingen dy't te krijen hawwe mei de Twadde Wrâldoarloch. Yn Drachten ha jongeren de foarstelling 'Alleen in Oorlog' makke dy't ien op ien, coronaproof, spile wurdt.
© Theater Na de Dam, Froukje de Jong
Jongeren út Drachten ferdjippen har ûnder lieding fan teätermakker Lisa Groot Haar yn de skiednis fan Drachten yn de Twadde Wrâldoarloch. Har ûndersyk foarme de basis foar it stik. Se troffen âldere Drachtsters dy't de oarloch meimakken. Se praten oer iensumheid, ferbûn wêze en betinke. Ynspirearre troch dizze moetingen makken de jongeren elk in één op één performance, dy't se op 3, 4 en 5 maaie middeis yn de bûtenloft bringe op spesjaal dêrfoar makke bankjes.

It komt tichtby

"Ik maak de voorstelling met schouwburg De Lawei samen", fertelt Lisa Groot Haar. "Er zijn bankjes gemaakt van 2,5 meter met een spatscherm ertussen. Daarop zit aan de ene kant de jongere en aan de andere kant de toeschouwer. De jongere vertelt in vijf minuten het verhaal van de persoon die hij of zij heeft gesproken over de oorlog. En ook wat hem of haar daarin heeft geraakt. We halen het dus ook naar het nu. En omdat het één op één is, komt het heel dichtbij."

"Een onvergetelijk ervaring"

Se woe perfoarst wat live meitsje. "Ik kon geen computerscherm meer zien, en zo kon het veilig." De jongeren hienen de petearen mei de âlderen ek op de bankjes. "Normaal krijgen ze de verhalen uit een geschiedenisboek, maar nu hebben ze met iemand gesproken. Dat is een onvergetelijk ervaring."
Kaarten binne te krijen by De Lawei. Publyk keapet in tiidslot en binnen dat healoere krije se trije ferskillende ferhalen te hearren.
Foar dizze tolfde edysje fan Theater Na de Dam hawwe yn it hiele lân hast 500 jongeren yn 40 projekten om ek yn dizze coronatiid wat te meitsjen.