Websiden fan Fryske tsjerkegemeenten net goed befeilige

17 apr 2021 - 10:15

In protte tsjerkegemeenten yn Fryslân ha har websiden net goed befeilige tsjin digitale oanfallen. Dat meldt it Friesch Dagblad sneon, dat der ûndersyk nei dwaan litten hat. Minsken mei kwea yn it sin kinne de websiden oanpasse en yn it slimste gefal kinne gegevens stellen wurde, neffens dat ûndersyk.

Foto: Shutterstock

Foar it ûndersyk is sjoen nei 29 websiden fan Fryske tsjerkegemeenten. By twa op de trije wie de befeiliging net op oarder. Ien koe bygelyks mei in druk op de knop platlein wurde.

Trefwurden: 
tsjerke befeiliging webside
(Advertinsje)
(Advertinsje)