WEROMBLIK: Eardere promoasjes fan Cambuur yn 1992, 1998 en 2013

17 apr 2021 - 09:30

Nei winst op Helmond Sport wie SC Cambuur der freedtejûn wis fan: promoasje nei de earedifyzje. Mei de winst yn eigen hûs waard promoasje offisjeus feilichsteld. De Ljouwerter fuotbalklup makke it promoasjefeest earder mei: yn 1992, 1998 en 2013 promovearren se ek nei de earedifyzje.

Sjoch werom nei dy bylden fan doe:

Omrop Fryslân seach mei âld-spilers Jouke Dantuma en Lody Roembiak yn 2013 werom op it kampioenskip fan 1992:

1992: in histoarysk jier foar Cambuur

Op 14 april 1992 waard Cambuur kampioen yn de earste difyzje sûnder sels yn aksje te kommen. De Ljouwerter klup pakte de titel omdat konkurrint RBC punten ferspile tsjin Veendam. De folsleine Cambuurseleksje siet doe, by dy wedstriid, op de tribune. Rob Baan wie doe, noch mar foar it twadde jier, haadtrainer fan it alvetal. Hy ferliet Cambuur gelyk nei de promoasje om't er earder al tekene hie as trainer fan FC Twente. It slagge de ploech om twa jier yn de earedifyzje te bliuwen.

Yn 2007 stjoerde Omrop Fryslân dizze weromblik op 1992 út, mei âld-foarsitter Reinier Krol fan de Vriendenclub Cambuur, sjoernalist Rob de Jong en âld-spiler Jan Bruin:

1998: promoasje út de neikompetysje wei

Op 30 maaie 1998 wie de earedifyzje wer yn sicht foar Cambuur. De Ljouwerters woene it yn eigen hus ôfmeitsje. De blommen en sjampanje stiene al klear, mar dêrfoar moast earst noch wol wûn wurde fan FC Den Bosch... en dat slagge net. Yn it eigen stadion waard it 2-2.

It ferslach fan de wedstriid tsjin Den Bosch yn it programma Boppeslach fan 1 juny 1998:

Op 2 juny 1998 reizgen sawat tûzen Cambuur-supporters ôf nei Zwolle, foar de beslissingswedstriid yn de neikompetysje. Cambuur mocht mei trije doelpunten ferskil fan Zwolle ferlieze, om dochs te promovearjen nei de earedifyzje.

Omrop Fryslân die op 2 juny 1998 ferslach fan de spanning by de supporters foarôfgeand oan de lêste wedstryd tsjin Zwolle:

Cambuur wûn de leste wedstriid yn Zwolle mei 2-1. En dat betsjutte dat Cambuur foar de twadde kear yn de earedifyzje kaam. Dit kear lykwols mar foar in jier. Mei de degradaasje nei de earste difyzje begûn in drege tiid foar Cambuur, mei as djiptepunt it jier 2006, it jier dat de klup op de râne fan it fallisemint stie.

By weromkomst út Zwolle wachte in stadion fol supporters de spilers op. Omrop Fryslân stjoerde in ferslach fan de huldiging út op 3 juny 1998:

(Advertinsje)
(Advertinsje)