Fries Museum klear foar iepening mei test, mar sjocht dit net as oplossing

It Fries Museum is bliid dat se moandei foar trije dagen wer even de doarren iepenje meie, mar sjocht testen foar tagong net as de oplossing foar musea. "Wij zijn een doorstroomlocatie zoals een bouwmarkt, we kunnen veilig open", sa seit Kris Callens, direkteur fan it Ljouwerter museum. Dizze moanne binne op ferskate plakken testeveneminten dêr't minsken allinnich hinne meie as se in negative test sjen litte. It Fries Museum mei yn totaal 250 minsken ûntfange.
Fries Museum einlik los mei nije tentoanstelling Haute Bordure
Callens begrypt dat op plakken dêr't gjin 1,5 meter ôfstân holden wurde kin, it testen in tuskenoplossing wêze kin, mar seit dat dit probleem by musea net spilet. "Wij zijn een doorstroomlocatie waar voldoende ruimte is om afstand te houden en met een mondkapje op is het veilig. In België zijn de musea al vijf maanden open en is er geen enkele besmetting naar een museum te herleiden."
Kris Callens, direkteur Fries Museum
It publyk kin moandei einlik de nijste tentoanstelling 'Haute Bordure' besjen dy't al sûnt healwei febrewaris klear stiet foar publyk. "Als je met z'n allen heel lang aan iets werkt, dan wil je als het af is graag aan het publiek laten zien, het is heel erg dat dat niet kan", fertelt Eveline Holsappel, konservator fan de tentoanstelling.
Pronkstik is in jurk fan keningin Máxima, mar der binne ek jurken fan eardere keninginnen te sjen. De tentoanstelling dy't oer bordueren giet is hiel fariearre. Sa is der ek in jaske fan rapper Ronnie Flex te besjen en in mei goud borduerde skuon út 1620.
Eveline Holsappel, konservator Haute Bordure
De tentoanstelling stiet oant healwei de simmer. Hy kin net ferlinge wurde, want hjirnei komt der in grutte tentoanstelling fan de National Portrait Gallery út Londen, dy't de hiele wrâld ôfreizget. By it museum hoopje se dan ek dat se gau wer hielendal iepen meie.