Kollum: "De Boerenrepubliek"

17 apr 2021 - 08:24

"It kaam de lêste wiken allegearre wer nei it oerflak. Yn de BNN-VARA searje De Boerenrepubliek gie it oer de takomst fan de lânbou, mar it gie gelokkich ek in soad oer it ferline. Want der is gjin takomst sûnder ferline. Myn frou ek ik sieten geregeld stilswijend en mei pikefel op de earms te sjen nei de bylden fan de freeslike útbraak fan tongblier yn Oene. In doarpsmienskip yn Gelderlân.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It wie goed om de direkt belutsenen fan it drama nochris oan it wurd te litten en dat ha de dokumintêremakkers fan BNN-VARA treflik dien. Nei tweintich jier wienen de measte dupearden fan doe aardich yn steat om der oer te praten. Dochs gie je de grize wer oer de grouwe by de wrede oanpak. De frachtweinen fol mei ôfmakke fee, yn de measte gefallen fee dêr't neat mis mei wie.

De oerheid dy't mei minister Brinkhorst foarop de eksport as middel brûkte om it ôfmeitsjen fan de bisten te rjochtfeardigjen. Want faksinearre bisten foldienen net oan de Europeeske noarm. De wrakseling fan feedokter Plaisier dy't sûne bisten deameitsje moast, it gie tsjin alles yn dêr't er foar leard hie. De aksjefierende boeren by Kootwijkerbroek, de rellen dy't ûntstienen omdat der grutte fraachtekens setten waarden by it fêststellen fan de sykte. De feedokter dy't nei eare en gewisse de diagnoaze stelde.

Allegearre kamen se oan it wurd. De boer dy't flak foardat syn libbenswurk deamakke wurde soe it team fan de RIVD foargie yn gebed, je kinne der neat mei hawwe, mar it joech noch mar ris oan hoe djip oft it siet. It keal dat by it romjen fan in pleats op de wrâld set wie, amper drûch en doe deamakke. It bistje mankearre neat, mar dochs moast der earst noch wol even in earmerk yn knipt wurde fanwegen de administraasje. Harrekrammele. It snijde je troch de siel, it skjirre en tagelyk wie it goed om it noch in kear te sjen. Hoe't nei tweintich jier oan in keukentafel de emoasjes noch altyd net al te fier fuort wienen.

It besef dat der dingen oars moatte, waard ek oanstipt. En nimmen stiet dêr yn prinsipe ôfwizend tsjinoer. Wat dat oangiet nochris in hiel grut komplimint oan BNN-VARA, dy't folslein terjochte de skuld fan it ûntspoaren fan in part fan de lânbou net by de boeren, mar by oaren partijen lei. By de partijen dy't der safolle mooglik jild út slaan wolle. De banken, om mar ris in partij te neamen.

In skoftsje lyn hie ik it yn myn kollum oer it dramatysk lege koöperative gehalte fan suvelgigant FrieslandCampina. De Rabobank is ea ek as koöperaasje opset, yn 1972 fusearren de Coöperatieve Centrale Raiffeisen-Bank en de Coöperatieve Centrale Boerenleenbank ta de Coöperatieve Central Raiffeissen-Boerenleenbank B.A dat as wurknamme Rabobank krige. Dêrmei ferdwûn it wurd koöperatyf út byld en de rest is skiednis.

Oerlis troch partijen mei doel oer de sektor kin de saak yn goede banen krije, dêrfan bin ik wol oertsjûge. As je troch duorsumer te produsearjen in fatsoenlike beleanning krije kinne is der yn de sektor grut draachflak. It is allinnich jammer dat der ien partij by dy oerlizzen belutsen is dy't der in minste ferstân fan hat. De polityk. Dy't as lokkerke yn ferkiezingstiid mei losse flodders as 'de heale feesteapel opromje' sjit en sa djippe wûnen slacht yn in sektor dy't we mei syn allen krekt op hannen drage moatte, sy meitsje nammentlik alle dagen ús iten.

De wize wêrop't kinne je oer prate. De skaalfergrutting hat derfoar soarge dat der troch hieltyd minder minsken soarge wurde kin foar dy produksje, mar dêryn sit ek it gefaar. De rest fan it elektoraat hat totaal gjin idee mear oer wat him op in boerehiem ôfspilet en dêr meitsje lju as D66-fertsjintwurdiger Tjeerd de Groot misbrûk fan. Hy wie mei Brinkhorst dan ek de dissonant yn de fierder izersterke searje De Boerenrepubliek. Hulde oan BNN-VARA."

(Advertinsje)
(Advertinsje)