Henk de Jong nei feest: "Kompliminten foar ús supporters"; grutte ûntlading by spilers

16 apr 2021 - 23:44

"Moatst ris sjen hoe't it libbet, net normaal!" It gesicht fan Henk de Jong seit alles. "Dit is geweldich. Promoasje is binnen, dat kin ús net mear ûntgean."

Henk de Jong nei promoasje

"Kompliminten ek foar ús supporters", seit de trainer. Dy supporters binne al moannen net mear wolkom yn de stadions, mar stienen freedtejûn manmachtich op it Cambuurplein. "Se binne der, se litte har hearre en dan geane se wer. Ik genietsje der bot fan hear. It went noait, it is hartstikke moai."

Doe't De Jong en de spilers har toanden oan it publyk, waard it Cambuurplein wyld. Nei in skoftke frege De Jong oan de supporters oft se nei hûs gean woenen. Om likernôch 22.30 streamde it plein leech.

Foar Sonny Stevens begûn de dei noch hiel rêstich. "Ik ben naar het bos geweest met mijn dochtertje. Ze wilde naar de Schotse hooglanders, dus dan doen we dat", seit de doelman. In grut kontrast mei wat der jûns op it Cambuurplein barde. "Dit heb ik nog nooit meegemaakt. Ik ben nog nooit gepromoveerd en nog nooit kampioen geworden. Dus laten we dan ook maar kampioen worden."

Untlading

Sels oanfierder Schouten gie út syn dak. By dee gewoanwei rêstige ferdigener is de ûntlading grut. "Mag ook wel na twee jaar. We hebben het verdiend met z'n allen. We gaan er een mooi avondje van maken met z'n allen en hopelijk nog een paar mooie weken", seit Schouten.

"Wat we twee jaar lang gepresteerd hebben is buitenaards", seit Hoedemakers, dy't twa jier lyn by Cambuur kaam. "Ik had het niet beter kunnen wensen. Dit is echt genieten hoor."

Klap

Calvin Mac-Intosch moast direkt nei de promoasje wer tinke oan ferline jier. "Mensen van de buitenwereld kunnen denk ik niet beseffen hoe hard de klap vorig jaar was dat we niet gepromoveerd waren. Dat kan ik echt niet uitleggen. Dat we dat nu bereikt hebben is onbeschrijflijk", seit Mac-Intosch.

Ek ferdigener Alex Bangura hat syn emoasjes net mar yn 'e macht. "Ik ga de hele avond met een brede glimlach staan. Gewoon genieten van deze avond. Dit maak je niet heel vaak mee. Ik ben nog maar 21 en als ik dit op zo'n jonge leeftijd al mag meemaken dat moet je koesteren. Dit ga ik nooit meer vergeten."

Gerald van den Belt

De ûntlading is ek grut by finansjeel direkteur Gerald van den Belt. Mei in potsje bier yn de hân "we hebben hem verdiend en hij smaakt ook goed" en in brede laits op it gesicht stiet er nei de wedstriid op it fjild. Dochs sjocht er der ek wurch út. It wie in 'krankzinnig' jier, sportyf en gedoch deromhinne. "Maar eind goed al goed. Het was een hele bijzondere dag. De ontlading van twee jaar, de frustratie van vorig jaar niet promoveren. Aan de ene kant wil je het niet te veel meer over hebben, maar dat voel je nog wel steeds", seit Van den Belt.

Hy tinkt noch faak werom oan dy jûn yn Wijdewormer, it trainingskompleks fan AZ. Cambuur spile min, it waar wie min en de stimming wie min. "Dat was een kantelpunt. We zeiden, het moet anders. Er is een heel plan gemaakt, we wilden een type Henk de Jong, er moest een spelersfonds komen en we wilden toewerken naar een nieuw stadion." Dat plan is goed útkaam.

"Dit jaar was eigenlijk een kutjaar. Zonder publiek voetballen is echt geen reet aan,. De druk was veel groter dan het jaar ervoor. Er waren een hoop toestanden op en rond de club. Het enige dat het leuk maakte, was dat we elke week wonnen."

Van den Belt seit noch mar ris dat in nij stadion foar Cambuur no ûnûntkomber is. "Ik hoop dat heel Leeuwarden snapt, dat dat nu gewoon moet. Dit helpt enorm."

(Advertinsje)
(Advertinsje)