Cambuur promovearret nei de earedifyzje

16 apr 2021 - 23:45

SC Cambuur kin promoasje nei de earedifyzje net mear ûntgean. De Ljouwerters wiene yn eigen hûs mei 4-1 te sterk foar Helmond Sport en dêrmei waard promoasje offisjeus feilichsteld.

Foto: Orange Pictures

Yn de tolfde minút wie de earste grutte kâns fan de wedstriid foar Robert Mühren. Mei wat gelok krige hy de bal foar de fuotten, yn kânsrike posysje, mar hy rekke 'm net goed. Dyselde Mühren skoarde yn de 24e minút wol, mar neffens de arbitraazje stie Alex Bangura, dy't de assist joech, bûtenspul.

Noch gjin minút letter kaam Helmond Sport op foarsprong. Jelle Goselink makke it doelpunt foar de besikers. Dy foarsprong duorre lykwols net lang, want trije kear wie skippersrjocht foar Mühren. De topskoarer kaam allinnich op doelman Van Gassel ôf, miste yn earste ynstânsje, mar de rebound wie raak: 1-1.

Op slach fan rêst kaam Cambuur sels noch op foarsprong. De bal kaam nei in foarset fan de rjochterkant ôf foar de fuotten fan de flugge bûtenspiler, dy't de bal doe yn de fiere hoeke skeat.

Feest barst los

Al gau nei it skoft waard de wedstriid en dêrmei de offisjeuze promoasje beslist. Nei in oertrêding fan Boyd Reith op Kallon, mocht Mühren fan de penaltystip ôf oanlizze. Hy faalde net en dêrmei brocht de spits mei syn 34e goal fan it seizoen Cambuur op 3-1.

Dat wie foar de supporters op it Cambuurplein it sinjaal om te begjinnen mei it promoasjefeest. De oprop fan de gemeente Ljouwert om it thús te fieren hie gjin fertuten dien. Ut alle hoeken fan de stêd kamen nei de goal fan Mühren minsken nei it plein.

Hûndertste goal

Doe't de oerwinning binnen wie gie Cambuur op syk nei de hûnderste treffer fan it seizoen. In seldsume prestaasje foar in ploech yn de earste difyzje. De goal kaam lykwols net op namme fan in Cambuurspiler, want de 4-1 waard in eigen doelpunt. Alec Van Hoorenbeeck wurke in skot fan Antonia efter syn eigen doelman en bepaalde dêrmei de einstân.

Almere City kin Cambuur allinnich noch teoretysk ynhelje. Dan moatte se it ferskil yn doelsaldo fan 42 doelpunten goedmeitsje yn harren lêste fiif wedstriden fan it seizoen. As Almere City sneontejûn net wint fan Go Ahead Eagles, wurdt de promoasje fan Cambuur offisjeel.

In gearfetting fan de wedstriid, mei ferslach fan Andor Faber en Geert van Tuinen

SC Cambuur - Helmond Sport 4-1 (2-1): 25' 0-1 Jelle Goselink; 29' 1-1 Robert Mühren; 45' 2-1 Issa Kallon; 51' 3-1 Robert Mühren (penalty); 70' 4-1 Alec Van Hoorenbeeck (eigen doelpunt).

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura (80' Sambissa); Breij (77' Jacobs), Hoedemakers, Oratmangoen (71' Ter Heide), Antonia (71' Doodeman), Mühren, Kallon (77' Korte).

(Advertinsje)
(Advertinsje)