Sietske Poepjes: 'Kommende tsien jier trije terrawatt-oere sinne- en wynenerzjy leverje'

16 apr 2021 - 19:55

Trije terrawatt-oere, dat is wat de provinsje Fryslân de kommende tsien jier oan sinne- en wynenerzjy leverje wol. Dat stiet gelyk oan goed 3.000 hektare oan sinnefjilden, of goed 9.000 huzen mei sinnepanielen op it dak. It Ryk woe eins mear fan de provinsje, mar neffens deputearre Sietske Poepjes is dit it maksimum wat Fryslân opbringe kin. De provinsje hâldt de regy as it giet om plannen mei wynturbinen en sinneparken. Gemeentlike plannen lykas dat fan in enerzjylânskip by Seisbierrum kinne dan ek wolris skrast wurde as se net foldogge oan de provinsjale fyzje, sa warskôget deputearre Poepjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)