Provinsje set yn op sinne- en wynenerzjy om oan duorsumens-eask fan it Ryk te foldwaan

16 apr 2021 - 19:34

De provinsje set de kommende tsien jier yn op sinne- en wynenerzjy om te foldwaan aan de eask fan it Ryk dat yn 2030 fyftich persint fan alle enerzjy duorsum opwekt wurde moat. Yn totaal giet it dan foar it hiele lân om 35 terrawattoeren.

RES

Fryslân is ree om yn 2030 trije terrawattoeren oan skjinne enerzjy te leverjen. Op basis fan de projekten en plannen dy't der no lizze komt de provinsje oan twa en in heal terrawattoeren. Der moat dus noch wat by. Om de ambysjes te heljen wurdt socht nei nije lokaasjes. Wêr't dy lizze is noch net dúdlik. De provinsje wol gjin nije wynmûnen mear en set yn op sinne-enerzjy, fertelt deputearre Sietske Poepjes.

De Regionale Energie Strategie Fryslân, koartsein de RES, dêr't de plannen fan de provinsje en gemeenten yn stean waard freedtemoarn troch Poepjes en wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert, dy't mei Poepjes foarsitter is fan de RES, oerlange oan in jonkje as symboal fan de generaasje dy't yn in nij enerzjytiidrek opgroeie sil. It plan hat in sinne as symboal fan in skjinne takomst.

Gerard Adema fan de Fryske miljeufederaasje is benijd wêr't de nije sinnepanielen de kommende jierren komme moatte. Yn de plannen steane noch gjin lokaasjes dêr't nei sjoen wurdt. Adema hopet dat dit sa gau mooglik dúdlik wurde sil en ropt provinsje en gemeenten op om de Fryske boargers dêr sa gau mooglik by te belûken.

Symboalyske oerdracht duorsume enerzjy troch Sietske Poepjes en Bert Wassink oan de nije generaasje - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Opfallend is dat gemeenten en provinsje in bytsje oars stean yn de oanpak fan it enerzjyfraachstik. De ambysjes foar de oanlis fan skjinne enerzjy gean by gemeenten fierder as by de provinsje. Neffens Wassink sjogge gemeenten soms mooglikheden om mear skjinne enerzjy te produsearjen op wei nei enerzjy-neutraliteit. Mar de plannen dy't dêr foar op tafel lein wurde passe net altyd yn de fyzje fan de provinsje. "Wy hawwe ek soarch foar ús moaie lânskip en wolle dat ek moai hâlde", seit Poepjes. Dat betsjut dat net alle plannen fan gemeenten akseptearre wurde kinne. Poepjes en Wassink binne derfan oertsjûge dat Fryslân de doelen foar de kommende jierren helje sil.

In earste stap nei de takomst

Mei wat ferskillen hjir en dêr tusken provinsje en gemeenten liket Fryslân klear foar de kommende tsien jier. Mar dat jildt net foar de perioade dêrnei. Yn 2050 moat Nederlân en dus ek Fryslân hielendal op duorsume enerzjy draaie. "Dit is in earste stap. Yn de takomst moat der noch folle mear dien wurde", sizze Poepjes en Wassink. Dan komme bygelyks oare enerzjyboarnen as akwatermy en geotermy yn byld. Mar hoe grut dat wurde kin is no noch net te sizzen. Atoomenerzjy sjocht Poepjes net sitten, sjoen de gefaren foar de feiligens dy't deroan sitte.

De kâns is grut dat de kosten foar skjinne enerzjy de kommende jierren omheech gean sille, bygelyks omdat it stroomnet oanpast wurde moat, fertelt Wassink. Poepjes fynt dat de boargers dat net allinnich opbringe kinne. it Ryk moat dêr foar ek ta de bûse.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Bert Wassink

(Advertinsje)
(Advertinsje)