Bowlingsintrum Dokkum ferkocht en op termyn ticht

16 apr 2021 - 19:29

Bowlingsintrum Dokkum is ferkocht en dêrmei komt oer in skoftsje in ein oan goed 40 jier bowlinghistoarje oan de Tichelwei yn Eastrum. In groep Dokkumer ûndernimmers hat it gebou kocht en sjocht mooglikheden om mei de lokaasje it toerisme en de rekreaasje yn Dokkum noch better op 'e kaart te setten.

Foar de eigeners fan it bowlingsintrum is de ferkeap ien fan emoasje, mar gelyk ek ien fan realiteitssin. It sintrum is flink ferâldere en der hiene grutte ynvestearringen plakfine moatten om alles wer up-to-date te meitsjen. De ferkeap kaam dêrom foar de eigeners, mei troch de coronakrisis, op in goed momint.

Trije dagen achterinoar feest

De ferkeap gie net sûnder slach of stjit, want der leit in soad histoarje oan de Tichelwei 28 yn Eastrum. "It gie net allinnich om it bowlen, mar geregeld wienen der ek hiel grutte feesten en partijen. We ha ek wolris in wykein hân mei trije dagen achterinoar in troufeest", seit Fetze Woudman. Sûnt 1995 is hy ien fan de mei-eigeners. Mei syn soan Sape, broer Germ-Pieter en skoansuster Gerda lûke sy al 26 jier oan de toukes fan it bowlingsintrum.

Foto: RTV NOF

Doe't it ferhaal fan de mooglike ferkeap oan de oarder kaam, wie it gjin maklik beslút, seit Sape. "Dat is ek logysk, hjir leit hiel wat histoarje en dus emoasje. Dus ja, dêr moasten we mei syn allen wat langer oer neitinke. Mar hoe langer we dat dienen hoe dúdliker it ek waard dat de ferkeap in goeie kar foar de takomst wêze soe. Ik kin my konsintrearje op Hotel Café Restaurant 't Raedhus yn it sintrum fan Dokkum en de oare eigeners kinne rêstich nei harren pensjoen tawurkje. Dus dat is moai."

Net samar gebeurd

Mei de ferskate ferienings dy't gebrûk meitsje fan it bowlingsintrum binne goeie ôfspraken makke. Sa kinne de bowlingferiening en de bridgeklup noch wol in skoftke troch op de lokaasje tusken Dokkum en Eastrum. "It is net samar gebeurd, dêr soargje wy wol foar", neffens Woudman.

Toeristen moatte hingjen bliuwe

Undernimmer Eric Kooistra út Dokkum is bliid mei de strategyske oankeap, mar ek helder oer de takomst fan it bowlingsintrum op dit plak. "Yn ús planfoarming is op dizze lokaasje yn de takomst gjin romte mear foar in bowlingsintrum. We tinke foaral oan groepsakkommodaasjes, fakânsjehuzen en bygelyks yndoorboarterstastellen. It giet derom dat de toeristen hjir safolle mooglik oernachtsje kinne en dus langer hingjen bliuwe. Dêr hat eltsenien yn Dokkum belang by, ek finansjeel."

In groep ûndernimmers is al langere tiid dwaande om Dokkum op 'e kaart te setten ûnder de nûmer "Vestingstad van het Wad". Dêrby wurdt de fokus lein op de toeristyske ûntwikkeling. De oankeap fan it bowlingsintrum biedt neffens Kooistra kânsen om dy ûntwikkeling fierder út te wreidzjen. "Njonken de bowling leit de Schreiershoek mei in rekreaasjepark en in paviljoen. Dêr ha we as ûndernimmers ek al in oantal fakânsjewenningen boud."

Oernachtingsplakken soenen in prachtige oanfolling wêze, seit Kooistra. "Dan kinne de minsken hjir bliuwe en hoege se net werom nei bygelyks Grou, Earnewâld, Ljouwert of Grins. De terrassen sitte dan jûns nei alle gedachten ek wer fol en der wurdt dus mear jild útjûn. Sa sjogge we dat foar ús. It kin dus allinnich mar better wurde", sa sketst Kooistra in ambisjeus takomstbyld foar Dokkum.

Swiertepunt foar toeristysk Dokkum

De ûndernimmers hawwe Adema Architecten oan de Vleesmarkt yn Dokkum al oan it wurk set mei de útwurking fan de plannen. Arsjitekt Silvester Adema is yn alle gefallen entûsjast. "De hele stad is in ontwikkeling en dat gebied ook. En het is zeker een meerwaarde als de locatie rondom het bowlingcentrum wat meer geïntegreerd wordt. Je hebt de Schreiershoek al, de steenfabriek in Eastrum komt er bij en dan deze locatie ook nog. De tweedeling van dit gebied gaat gelukkig zo langzamerhand één worden. Het wordt een soort zwaartepunt voor toeristisch Dokkum. Ik zie het echt als een finale", neffens Adema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)