LIVEBLOG: Ljouwert fiert feest nei promoasje Cambuur

16 apr 2021 - 23:37

Sportklup Cambuur hat mei 4-1 wûn fan Helmond Sport. De Ljouwerters binne dêrmei praktysk earedifyzjonist. Yn dit liveblog holden we jim op de hichte fan de wedstriid en alles derom hinne.

23:34
Tank foar it folgjen

We slute hjirby it liveblog ôf, tank foar it folgjen!

Lês hjir nochris it wedstriidferslach. Moarn yn al ús programma's op radio en telefyzje fansels ek wiidweidich omtinken foar de promoasje fan Cambuur.

23:14
Buma is tefreden

Boargemaster Sybrand Buma is ek yn it stadion om SC Cambuur te lokwinskjen. Hy is tefreden oer hoe't de jûn ferrûn is.

22:48
Cambuurplein leech

It Cambuurplein bûten it stadion is yntusken sa goed as leech. De supporters ha harke nei de oprop fan Henk de Jong.

22:33
Cambuurplein rint stadichoan leech

No't de spilers en stêf fan Cambuur fan it balkon ôf binne, rint it Cambuurplein stadichoan leech.

22:25
Gerald van den Belt: "Dit was eigenlijk een kutjaar"

De ûntlading is grut by finansjeel direkteur Gerald van den Belt. "De ontlading van twee jaar, door het vorig jaar niet promoveren. Aan de ene kant wil je het niet te veel meer over hebben, maar dat gaat toch", seit Van den Belt. "Dit jaar was eigenlijk een kutjaar. De druk was veel groter. Het enige dat het leuk maakte is dat we elke week wonnen."

Van den Belt seit noch mar ris dat in nij stadion foar Cambuur no ûnûntkomber is. "Ik hoop dat heel Leeuwarden snapt, dat dat nu gewoon moet."

22:27
Spilers nei binnen ta

De begelieding en spilers ha in lytse 20 minuten op it bordes stien. Se geane no wer nei binnen ta.

22:23
'Nei hûs'

Henk de Jong docht in oprop oan it publyk: "Ik moet dit nu zeggen. Kut dat ik dit nu moet zeggen, maar jullie moeten nu naar huis gaan. Er komen veel meer feestjes."

(Advertinsje)
(Advertinsje)