Liveblog
|
16 april 2021
LIVEBLOG: Ljouwert fiert feest nei promoasje Cambuur
Yn dit liveblog holden we jim op de hichte fan de wedstriid en alles derom hinne.
Lêst bywurke: 16 april 2021, 23:37
23:34
Tank foar it folgjen
We slute hjirby it liveblog ôf, tank foar it folgjen!
Lês hjir nochris it wedstriidferslach. Moarn yn al ús programma's op radio en telefyzje fansels ek wiidweidich omtinken foar de promoasje fan Cambuur.
23:14
Buma is tefreden
Boargemaster Sybrand Buma is ek yn it stadion om SC Cambuur te lokwinskjen. Hy is tefreden oer hoe't de jûn ferrûn is.
22:53
'Justice'
22:48
Cambuurplein leech
It Cambuurplein bûten it stadion is yntusken sa goed as leech. De supporters ha harke nei de oprop fan Henk de Jong.
22:47
Henk de Jong
22:36
Earste reaksje Mühren
22:33
Cambuurplein rint stadichoan leech
No't de spilers en stêf fan Cambuur fan it balkon ôf binne, rint it Cambuurplein stadichoan leech.
22:25
Gerald van den Belt: "Dit was eigenlijk een kutjaar"
De ûntlading is grut by finansjeel direkteur Gerald van den Belt. "De ontlading van twee jaar, door het vorig jaar niet promoveren. Aan de ene kant wil je het niet te veel meer over hebben, maar dat gaat toch", seit Van den Belt. "Dit jaar was eigenlijk een kutjaar. De druk was veel groter. Het enige dat het leuk maakte is dat we elke week wonnen."
Van den Belt seit noch mar ris dat in nij stadion foar Cambuur no ûnûntkomber is. "Ik hoop dat heel Leeuwarden snapt, dat dat nu gewoon moet."
22:27
Spilers nei binnen ta
De begelieding en spilers ha in lytse 20 minuten op it bordes stien. Se geane no wer nei binnen ta.
22:23
'Nei hûs'
Henk de Jong docht in oprop oan it publyk: "Ik moet dit nu zeggen. Kut dat ik dit nu moet zeggen, maar jullie moeten nu naar huis gaan. Er komen veel meer feestjes."
22:17
De spilers toane har oan it publyk
22:00
Jûnsklok
De jûnsklok is no offisjeel fan krêft.
21:58
Cambuurplein no
21:57
Fjoerwurk bûten it stadion
21:54
Feest
21:48
Klear!
Cambuur wint mei 4-1 en promovearret!
21:43
Koarte huldiging?
21:37
Cambuur makket him klear
Alle wikselspilers, dy't dit seizoen op de tribune sitte moatte, meie no nei ûnderen ta. Se geane nei de dug-out, sadat de hiele ploech oer in minút as tsien de promoasje fiere kin.
21:36
Lêste wiksel
Lêste wiksel by Cambuur: David Sambissa komt deryn foar Alex Bangura.
21:33
Wer twa wiksels
Opnij twa wiksels by Cambuur. Giovanni Korte en Jamie Jacobs komme deryn, Issa Kallon en Michael Breij ferlitte it fjild.
Noch 13 minuten te spyljen.
21:31
Grutte kâns Helmond
In hiel grutte kâns foar Guus Joppen soarget hast foar de twadde goal fan Helmond Sport, mar Sonny Stevens komt as winner út de striid.
21:30
Penalty?
Michael Breij giet nei de grûn yn it strafskopgebiet. De Ljouwerters tinke oan in strafskop, mar skiedsrjochter Van de Graaf beslút oars.
21:28
Noch gjin rekôr
Cambuur stiet no dus op 100 goals dit seizoen. It rekôr yn de earste difyzje foar goals yn ien seizoen stiet op 115. Dat slagge Heracles yn it seizoen 1960/1961.
21:27
Wiksels
Henk de Jong bringt twa nije spilers binnen de linen. Nick Doodeman en Jesper ter Heide komme yn it fjild foar Ragnar Oratmangoen en Jarchinio Antonia.
21:24
4-1
Goal Cambuur! Jarchinio Antonia set de bal foar, Helmond Sport-ferdigener Alec van Hoorenbeek wurket de bal yn eigen goal. It is 4-1. Dat is ek de 100e goal fan Cambuur dit seizoen.
21:19
"Net thús foar de jûnsklok"
21:19
21:13
Enoarme lading fjoerwurk
"In enoarme lading fjoerwurk, we sitte te skodzjen op de stoel", seit kommentator Geert van Tuinen. "Je komme eagen tekoart yn it stadion."
Undertusken giet de wedstriid gewoan fierder. Nei in lyts oere stiet it 3-1 foar Cambuur, it stiet organisatoarysk goed, neffens Van Tuinen.
21:11
Minskemasse
21:07
3-1
Goal Cambuur. Robert Mühren sjit raak fanôf de stip, it is 3-1! It is Mühren syn 34e goal alwer fan it seizoen.
21:06
Strafskop Cambuur
Strafskop foar Cambuur! Reith makket in oertreding op Issa Kallon. Hy krijt boppedat giel.
21:05
Hast 2-2
En no in hiel grutte kâns foar Helmond Sport op de lykmakker. Loukili hat de bal frij foar it ynsjitten, mar sjit heech oer.
21:03
Kâns Oratmangoen
De earste grutte kâns fan de twadde helte is foar Cambuur. Ragnar Oratmangoen kopt fan tichtby op doelman Van Gassel.
21:01
Twadde helte
De twadde helte is begûn. Beide ploegen ha net wiksele, it stiet 2-1.
20:46
Skoft
It is skoft. Nei in matich begjin stiet Cambuur 'gewoan' op foarsprong tsjin Helmond Sport. It is 2-1.
Skoareferrin: 25. Jelle Goselink 0-1, 29. Robert Mühren 1-1, 45. Issa Kallon 2-1.
20:44
2-1
Goal Cambuur! Issa Kallon set Cambuur yn de lêste minút fan de earste helte op foarsprong, it is 2-1.
20:40
Giel foar Oratmangoen
De earste giele kaart fan de wedstriid is Ragnar Oratmangoen. Hy ferspilet de bal en hâldt dêrnei Loukili fêst. Oratmangoen sit noch hielendal net yn de wedstriid, seit kommentator Andor Faber.
20:37
Drok op it Cambuurplein
20:34
Hoedemakers njonken
Cambuur is wekker hear. Nei de 0-1 rint it prima by de Ljouwerters. No in ôfstânsskot fan Hoedemakers, dat giet mar krekt njonken de goal.
20:33
Wa oars?
20:29
1-1
Goal Cambuur! Topskoarer Robert Mühren set de Ljouwerters op likense hichte. Hy komt allinnich op doelman Van Gasssel ôf, mist yn earste ynstânsje, mar de rebound is raak: 1-1
20:26
0-1
In heale minút nei de ôfkarde goal fan Cambuur, komt Helmond Sport op foarsprong. Jelle Goselink makket de 0-1 foar de besikers.
20:23
Bangura bûtenspul?
Yn de 24e minút skoart Mühren op oanjaan fan Bangura, mar neffens de arbitraazje stie Bangura bûtenspul doe't hy de bal krige. Twiveleftich.
20:22
Op in kwart wedstriid
We sitte healwei de earste helte, it is noch 0-0. Cambuur spilet wat ûnwennich, it liket wat senuweftich. Echt yn de problemen ha de Ljouwerters lykwols ek noch net west.
20:12
Grutte kâns Mühren
Yn de tolfde minút is de earste grutte kâns fan de wedstriid foar Robert Mühren. Mei wat gelok krijt er de bal foar de fuotten, yn kânsrike posysje, mar hy rekket 'm net goed.
20:11
Net samar klear
Nei alve minuten spyljen is it noch 0-0 yn it Cambuurstadion. En de Ljouwerters ha it net maklik mei Helmond, konstatearret kommentator Geert van Tuinen. "Dit is net samar klear."
20:08
Fraksjefoarsitter D66 sit der ek foar
20:04
Supporters mei fjoerwurk bûten it stadion
20:01
We binne begûn
De wedstriid is los!
19:59
Us kommentatoaren
19:48
Geert van Tuinen op it Cambuurplein
19:36
Hast gjin auto's op Cambuurplein
19:30
Drokker by it stadion
It wurdt stadichoan drokker op it Cambuurplein, seit ferslachjouwer Geert van Tuinen. Hy sjocht op it stuit yn ús ekstra útstjoering werom op foarige promoasjewedstriden fan Cambuur.
19:06
Dr. Bearda Bakkerstrjitte yn Ljouwert is der klear foar
19:06
De opstelling fan de besikers
18:45
Gjin ferrassingen yn de opstelling
18:13