Liveblog | 16 april 2021

LIVEBLOG: Ljouwert fiert feest nei promoasje Cambuur

Yn dit liveblog holden we jim op de hichte fan de wedstriid en alles derom hinne.
Lêst bywurke: 16 april 2021, 23:37
23:34

Tank foar it folgjen

We slute hjirby it liveblog ôf, tank foar it folgjen!
Lês hjir nochris it wedstriidferslach. Moarn yn al ús programma's op radio en telefyzje fansels ek wiidweidich omtinken foar de promoasje fan Cambuur.
23:14

Buma is tefreden

Boargemaster Sybrand Buma is ek yn it stadion om SC Cambuur te lokwinskjen. Hy is tefreden oer hoe't de jûn ferrûn is.
22:53

'Justice'

22:48

Cambuurplein leech

It Cambuurplein bûten it stadion is yntusken sa goed as leech. De supporters ha harke nei de oprop fan Henk de Jong.
22:47

Henk de Jong

22:36

Earste reaksje Mühren