Ljouwert telt ôf nei promoasje Cambuur

16 apr 2021 - 17:41

It fielt as in foarm fan gerjochtichheid, as Sportklup Cambuur promovearret. Dat seit ferslachjouwer Arjen de Boer. Hy is yn it Cambuurstadion, dêr't de Ljouwerters freedtejûn tsjin Helmond Sport spylje. By winst kin promoasje de Ljouwerters eins net mear ûntgean.

Under oare Henk de Jong en tal fan Ljouwerters oer wat se fan jûn ferwachtsje:

Der binne freed gjin supporters by yn it stadion, mar in spandoek toant it sentimint: "Voor de club, voor de stad, voor gerechtigheid." Ferline jier stie Cambuur mei ôfstân boppe-oan, doe't de kompetysje stillein waard fanwege it coronafirus. En wylst de kompetysjes yn lannen om ús hinne letter útspile waarden, besleat de KNVB dat yn Nederlân gjinien promovearre of degradearre. "In hiel bittere pil foar Cambuur", seit De Boer.

Ljouwert hunkeret nei sukses

"Mar no is de promoasjekoarts oeral sichtber. Oeral hingje flaggen yn de stêd. Ljouwert hunkeret nei it sukses. En se ha der in soad fertrouwen yn. Cambuur hat in strjitlingte foarsprong op de konkurrinsje."

As Cambuur wint, dan is de earedifyzje yn praktyk in feit. Binnen de muorren fan it Cambuurstadion wurdt dan in lyts feestje holden, fertelt trainer Henk de Jong. "Mar allinnich mei minsken dy't test binne. Dus stêf, spilers, de direksje en wat minsken dy't hjir wurkje."

Buma: bliuw thús

Grutte fraach is wat der bûten it stadion gebeurt. Boargemaster Buma hat elkenien ferskate kearen oproppen om foaral thús te bliuwen, mar in protte supporters wolle dochs graach nei it Cambuurplein. Arjen de Boer: "As Cambuur hjoed wint, dan sil it hjir ûntploffe. Dat kinne je net tsjinhâlde. Dan komme hjir tûzenen supporters nei ta. Der lizze ek al kilo's fjoerwurk klear."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De klup hat minsken yn de buert fan it stadion foar de wissichheid ek in brief stjoerd. "Op basis van de ervaringen uit het recente verleden is het niet uitgesloten dat er rondom het stadion een mogelijke toestroom van supporters gaat zijn richting het Cambuur Stadion. Het kan dus om die reden raadzaam zijn om uw auto eenmalig niet te parkeren op het Cambuurplein, maar elders in de wijk."

Omrop Fryslân pakt freedtejûn út mei in ekstra sportprogramma oer SC Cambuur tsjin Helmond Sport. Dat programma is te folgjen op de radio en in livestream online. Presintator Roelof de Vries ûntfangt yn de studio twa âld-spilers fan de Ljouwerters: Mart Dijkstra en Marco van der Heide. Beiden spilen yn it foarige kampioensjier foar de klup.

Yn it stadion dogge ferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber yntegraal ferslach fan it duel, dat om 20.00 oere úteinset. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan de jûn, dy't foar Cambuur offisjeus promoasje opsmite moat.

Sjoch foar al it lêste nijs oer SC Cambuur en de promoasjekoarts op ús dossierpagina.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)