Befrijingstaspraak Buma: "It spjeldsje is der noch, mar pake is nea weromkaam"

16 apr 2021 - 16:55

Boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert hold by it befrijingskonsert yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in taspraak oer syn pake, dy't yn 1942 omkaam yn in Dútsk konsintraasjekamp. Dêrby hie hy in bysûndere spjelde op syn strik. "It is in dasspjelde mei it kopke fan keninginne Wilhelmina", seit Buma. "Myn pake hie it op syn das yn 1941. Dat is de reden dat hy arrestearre waard yn febrewaris 1941 en hjir yn de Blokhúspoarte opsletten waard."

De taspraak fan boargemaster Sybrand Buma

De pake fan Buma kaam úteinlik yn 1942 om it libben yn it konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburg. "It wie foar myn heit, syn susters en syn mem tichteby. Foar my is it fierder, want ik haw myn pake net kend", seit Buma.

"In oarloch giet oer miljoenen minsken dy't ferlies hawwe. Dit is ien ferhaal fan de miljoenen dy't der binne. Dat lit ek sjen hoe slim oft in oarloch is. En der is noch hieltyd oarloch yn de wrâld om ús hinne. Dus we moatte leare fan wat we út dy tiid witte. Dat spjeldsje is der noch, mar myn pake is net weromkaam."

Fersetsmuseum

It Fersetsmuseum soe ek wol ynteressearre wêze yn it spjeldsje. "Ja, mar dit hâld ik noch efkes. Se hawwe al wol dingen krigen. Ik ha hjir krekt ek praat oer it ferslach dat myn heit makke hat oer de befrijingsdagen. Der binne ek oare dingen dy't nei it fersetsmuseum gean. Mar dit spjeldsje draach ik noch", seit Buma. Hy is fan plan it op 4 en 5 maaie ek op te spjeldzjen.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei boargemaster Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)