61-jierrige frachtweinsjauffeur krijt wurkstraf nei deadlik ûngelok

In 61-jierrige man út De Westereen hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen omdat er yn 2019 mei syn fee-auto in deadlik ûngelok feroarsake hat by de Fonejachtbrêge by Warten. De man wie mei syn frachtwein yn in flauwe bocht nei links útwykt om boskjes te ûntwiken dy't oer de dyk hongen. Hy botste frontaal op in bestelbus.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De bestjoerder fan de bus kaam om it libben. Justysje hie in hegere straf easke, omdat de frachtweinsjauffeur net goed útsjoen hie. Mar de rjochtbank seit dat dat mar hiel even west hat. Hy waard net ôflaat, hy ried net te hurd en hat ek noch ôfremme. Neffens de rjochter gie it om 'een moment van onoplettendheid'.