Port of Harlingen nije haadsponsor Tall Ships Races

Workshops oer Tall Ships, leare hoe't je knopen meitsje moatte mar ek hoe't je as trainee jild ynsammelje kinne om mei te farren op sa'n skip; dat is it doel fan it Tall Ships Experience Centre yn de Willemshaven fan Harns. Freedtemiddei is it iepene troch boargemaster Roel Sluiter fan Harns.
Port of Harlingen nije haadsponsors Tall Ships Races
Yn it gebou is ynformaasje te finen oer de skiednis fan de races en de relaasje mei Harns. It is no noch net frij tagonklik. Direkteur Lieuwe Krol: "Wy wachtsje mei smart op goed nijs út Den Haag. Mar it is net sa dat hjir neat kin. De trainees kinne hjir al te plak foar ynformaasje."
De trainees farre mei op de Tall Ships. Dat is net fergees en dêrom moatte se sels jild ynsammelje. De organisaasje fan de Tall Ships Races wol se dêr mei workshops by helpe, seit Krol. "Mar ek oer hoe't se har it bêste tariede kinne op sa'n reis."
Takom jier fan 14 oant en mei 17 july is Harns wer etappeplak yn de race. It moat dan op 'e nij in grut nautysk spektakel wurde dêr't 350.000 besikers op ôf komme. Mar ek yn de jierren dêrnei sjocht Krol in belangrike rol foar it Experience Centre: "We wolle hiel graach dat tuskentroch ek Tall Ships nei Harns komme. Foar bygelyks ûnderhâld. Dan soe it moai wêze as je dan ek aktiviteiten oanbiede kinne lykas mei groepen fartochten meitsje."