Wout Droste tinkt werom oan lêste promoasje Cambuur: "Een ongekende ervaring"

16 apr 2021 - 15:47

Op 3 maaie yn 2013 wiene alle Cambuursupporters foar ien dei ek supporter fan Go Ahead Eagles. De Ljouwerters koene op de alderlêste spyldei kampioen wurde, mar dan moasten de Deventers wol winne fan FC Volendam. "Tijdens de wedstrijd hoorde je al de uitslagen", wit ferdigener Wout Droste noch goed. Hy spilet no by Go Ahead, en ek diskear is it dy ploech dy't Cambuur definityf promovearje litte kin. Dan moatte se sneontejûn wol punten ôfpakke fan Almere City.

Foto: ANP Foto

Droste spile fan 2008 oant 2011 ek al by de Eagles. Yn 2013 koe hy dus noch in soad fan de spilers by dy ploech. Hy sei syn âld-kollega's yn oanrin nei de kampioenswedstriid fan doe in kratsje bier ta as se winne koene fan FC Volendam. Mar hat hy no al wat heard fan de Cambuurseleksje? "Nee, er is nog niets beloofd. Ik ga ze wel een een standje geven: 'Je kan ons stimuleren en jullie weten hoe'. Dat zou wel grappig zijn", laket Droste.

Echt ynfloed sil de wedstriid fan sneon úteinlik net hawwe, tinkt Droste. "Ik ben er niet echt mee bezig eerlijk gezegd. Ik denk dat Cambuur hoe dan ook wel kampioen gaat worden. Ongeacht de uitslag van onze wedstrijd. Het zou mooi zijn als het dit weekend al gebeurt."

Eksploazje

De 31-jierrige ferdigener kin him de wedstriid tsjin Excelsior Rotterdam noch goed foar de geast helje. "Wij wonnen uiteindelijk 2-0 en dan explodeert het gewoon. Samen met supporters is dat een ervaring die ongekend is. Die hele vreugde en euforie is waar je het voor doet. Echt onbeschrijflijk", seit Droste.

Sels is hy mei Go Ahead yntusken sa goed as útskeakele foar de direkte promoasjeplakken, mar jaloersk is er net. "Ik gun het iedereen in Leeuwarden van harte. Zeker omdat ik weet hoe mooi het kan zijn daar", seit hy.

Aldehou

Mei Martijn Barto, no assistint-trainer by Cambuur, praat Droste noch wol ris oer 2013. "Veelvuldig", seit hy. "Na de onderlinge wedstrijd tussen Cambuur met Go Ahead heb ik nog met de jongens daar gesproken. Je merkt gewoon die beleving. Dat is hartstikke mooi."

Sûnder twivel gie it doe ek oer it úteinlike kampioensfeest by de Aldehou. Mear as 15.000 minsken kamen dêr op ôf en as der noch mear romte wie, miskien noch wol mear. Dit jier kin dat fansels net fanwegen de coronapandemy. "Dat wordt totaal anders. Als je met supporters bent, dan is dat zoveel anders. Zoveel meer geluid en blijdschap bij elkaar. Dat is gewoon een megafeest. Als het zonder die mensen is, dan valt het in het niet bij wat ik toen heb ervaren", seit Droste. "Heel erg zonde dat dat dit jaar niet kan."

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei Wout Droste

Omrop Fryslân pakt freedtejûn út mei in ekstra sportprogramma oer SC Cambuur tsjin Helmond Sport. Dat programma is te folgjen op de radio en in livestream online. Presintator Roelof de Vries ûntfangt yn de studio twa âld-spilers fan de Ljouwerters: Mart Dijkstra en Marco van der Heide. Beiden spilen yn it foarige kampioensjier foar de klup.

Yn it stadion dogge ferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber yntegraal ferslach fan it duel, dat om 20.00 oere úteinset. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan de jûn, dy't foar Cambuur offisjeus promoasje opsmite moat.

Sjoch foar al it lêste nijs oer SC Cambuur en de promoasjekoarts op ús dossierpagina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)