Drugshûzen ticht yn Snits en Hallum

16 apr 2021 - 18:36

Boargemaster Kramer fan Noardeast-Fryslân hat in hûs oan de Goslinghastrjitte yn Hallum slute litten fanwegen drugskriminaliteit. Yn Snits hat boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân itselde dien.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

Op tongersdei 4 maart die de plysje in ynfal yn it gebou yn Hallum en fûn doe 396 himpplanten. "Dizze wenning wie fierhinne folslein ynrjochte as himpkwekerij. Dat fyn ik net te akseptearjen. Njonken in strafrjochtlike oanpak troch plysje en justysje, is in stevige, bestjoerlike oanpak ek nedich om ditsoarte fan problemen tsjin te gean", seit boargemaster Kramer.

Yn Snits giet it om in bedriuwsgebou oan de Professor Zernikestraat. By in kontrôle wie der in himpgeur en tafersjochhâlders fûnen dêrnei in himpkwekerij. Dêr wienen 81 himpplanten en 51 himptoppen. It is de twadde kear dat der in himpkwekerij yn it gebou fûn is. Earder barde dat al yn 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)