RIVM: 178 nije coronabesmettingen yn Fryslân

16 apr 2021 - 15:18

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 178 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der hûndert minder as tongersdei. Doe wiene it der 278. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 203 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente De Fryske Marren: 25. Dêrnei folgje Ljouwert (23) en Smellingerlân (20).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waard ek gjin nije sikehûsopname yn ús provinsje meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne freed 8.966 nije coronagefallen registrearre. Gemiddeld wiene dat de ôfrûne wike 7.493 de dei.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)