10 jier sel foar man dy't yn Toppenhuzen syn frou deastuts

16 apr 2021 - 15:03

De 36-jierrige man út Toppenhuzen, dy't yn april fan 2020 syn 32-jierrige frou deastuts, is freed feroardiele ta in selstraf fan tsien jier. It slachtoffer út Eritreä wie krekt fjouwer moannen yn Nederlân, om mei har twa bern hjir by har man te wenjen. De fertochte is yntusken út de âlderlike macht set.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens belutsenen hiene se faak rûzje, sa ek op de dei dat it misgie. Nei't de fertochte syn frou delstutsen hie, naaide er út. Hy belle in begelieder en letter kaam er werom, doe't de helptsjinsten ynskeakele wiene en der besocht waard de frou te reanimearjen. Dat slagge net.

Gjin moard mar deaslach

Neffens de rjochtbank is der gjin sprake fan moard, mar fan deaslach. "Het kan niet anders dan dat er in razernij is gehandeld", sa seit de rjochter. Ut seksje die bliken dat de frou tsien kear stutsen waard. Ek hie se ferskate oare snijferwûningen. By ûndersyk is der in ferbrânde mobile telefoan fûn yn de tún fan it hûs dêr't it pear wenne. Neffens belutsenen soe de rûzje tusken de man en frou oer it mobyltsje gean.

De man hat seit dat it him spyt. Dat hat de rjochter meinaam yn it fûnis. "En dat hij moet leven met de wetenschap dat hij de moeder van zijn kinderen heeft omgebracht", sa seit de rjochtbank. Beide bern ha in skeafergoeding fan 20.000 euro tawiisd krigen. De mem fan it slachtoffer kriget 17.500 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)