UPDATE: It Amelân hat wer stroom, helptsjinten wer te berikken

16 apr 2021 - 16:40

It Amelân hat freed likernôch twa oeren sûnder stroom sitten. De steuring duorre fan likernôch 14.20 oant 16.40 oere. Der wiene 3500 húshâldens troffen troch de steuring. Monteurs fan netbehearder Liander hawwe de steuring op it eilân ferholpen.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

In wurdfierder fan de feilichheidsregio melde dat minsken op it eilân troch de steuring de helptsjinsten ek net berikke koene. Dêrom wiene helpferlieners sichtber de dyk op gien. Se stiene op strategyske plakken opsteld. Helptsjinsten koene ûnderling wol mei mekoar kommunisearje.

Neffens de wurdfierder fan de meldkeamer witte eilanners wêr't se wêze moatte, as se help nedich ha, en rieden de minsken fan de helptsjinsten faker by fakânsjeparken del, oant de steuring foarby wie.

Wat de oarsaak fan de stroomsteuring wie, is net bekend.

Trefwurden: 
stroomsteuring It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)